Skip to content

knkb logo webOp de dei sels

 

De Jong-Fammen Tineke Dijkstra, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma helje de 2e omloop, mar ferlieze dan fan Frjentsjer mei 3-5:4-6. Fan’t selde wie it de earste omloop al dient. Doe stienen se tsjin Peins mei 5-0:6-2 efter mar wisten op 5-5:6-6 te winnen.

 

De pupillenfamkes Corrie Kroondijk, Roelie Kroondijk en Selma de Boer koenen it net risse tsjin Goeiïngea en ferlearen mei 5-3:6-6.

 

 


Kommende wike binne de Eastereinder feesten en meastentiids komt dêr de Jong-Fammepartij op sneon efteroan. Dit jier is der sels 4 dagen feest en it matinee op sneontemoarn!

 

 

Jong-Fammen

 

Dit jier fiert KV Jacob Klaver yn Mantgum it twadde lustrum fan de Jong-Famme en wy hoopje mei har op in moaie list en moaie wedstriiddei! Der binne 21 partoeren op de 10de Jong-Fammen.

 

De lotting yn Mantgum is op woansdei 26 juny 2013 yn de Wjukken om 20.00 oere.

 

Wer we ferline jier fan Easterein noch mei twa partoeren op de list stienen (en yn 2011 sels mei trije), dêr giet der yn 2013 ien partoer hinne. Der is keazen foar de folgende jong fammen: Tineke Dijkstra, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma.

De LIST

 

In soad sukses tawinske!

 


 

 

NK Pupillen famkes

 

Foar Easterein keatse sneon op it NK foar pupillen famkes Corrie Kroondijk, Roelie Kroondijk en Selma de Boer. Se binne partoer 6 en begjinne tsjin Goaiïngea. Der binne 15 partoeren en der wurdt keatst op it moaie fjild yn Rie.

De LIST

 

 


 

 

NK Pupillen jonges

Eilaas, ek gjin pupillen jonges op it NK! De LIST

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Back To Top