Skip to content

Op de dei sels…

Yn Mantgum ferlearen Mirjam, Julia en Jeska fan Wytmarsum dat te sterk wie. Se ferlieze mei 5-1:6-2. Wymarsum wint de 3e priis dizze dei.


knkb logo web

Kommend wykein binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de skoalfamkes en skoaljonges.

 

 

Der wienen ferskate partoeren by de LOTTING yn Frjentsjer.

De wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site

 

Skoalfamkes

De skoalfamkes keatse yn Mantgum en der steane 21 partoeren op de LIST.

 

Foar Easterein keatse de skoalfamkes Mirjam Punter, Julia Paauw en Jeska Terpstra. Se binne partoer 10 en begjinne tsjin Wytmarsum.

 

In soad sukses tawinske Famkes!

 

 

Skoaljonges

Sûnt jierren ha we GJIN partoer op it NK foar skoaljonges. Dizze kategory sit efkes yn in dipke, sille we mar sizze.

De skoaljonges keatse yn Damwâld en der steane 42 partoeren op de LIST.

 

 

 

Back To Top