19 april 2012
Us trouwe sutelers binne dizze wike wer trij jûn op paad west troch gemeente Littenseradiel en op FJOUWER DOAKSES NEI binne ALLE 1900 koeken fuort. Wa noch belangstelling hat foar dizze lêste hearlike Molkwarder koeken, stjoer efkes in berjocht!
Der binne sels sa’n 200 koeken oer de ôfslútdyk gien nei leafhawwers fan dizze Fryske lekkernij. Elts jier wurdt der yn Amsterdam wer útsjoen nei de koeke út Fryslân.
Mar ek yn Fryslân sels ha leden by harren bedriuw koeken ferkocht. Sa is it ús mei-inoar wer slagge om dizze koeke-aksje ta in sukses te meitsjen!
TAKOM JIER WER YN DE EARSTE WIKE FAN MAART!!
Alle sutelers en keapers, TIGE TANK!!
UPDATE – Koeke Aksje
Nei 2 júnen stiet de teller oant no ta op san lytse € 2.000. Mei de bestellingen dy’t ik klear makke ha hjir by optelt binne we út de kosten. En dat is fantastysk!
Easterein en Wommels binne hast al hielendal dien. Jústerjun mei 20 frijwilligers, hjoed noch altiid 13. In moaie opstekker foar de KF Easterein en goed te witten dat alles wat fanôf no ferkocht wurdt skjinne winst is.
Der steane noch in oantal doazen yn ‘e loads. Sa’n 16 doazen kandy, 12 súkerlatte en noch mar 2 (!) brún. Hjoed sille de frijwilligers lâns de doaren yn Winsum en derneist binne der noch in oantal bedriuwsbestellingen. It sjcoht der yn elts gefal nei út dat ek dizze edysje fan de koeke-aksje slagge is/wêze sil!
Bêste keatsfreonen,
Oer in lytse 4 wike giet foar de measten fan ús it keatsseizoen op it fjild dan echt wer los. Yn de oanrin nei 30 april kinne we allinne mei syn allen al foar de earste boppeslach fan 2012 soargje.
We geane nammentlik dit jier yn de wike fan 16 april ús 5e koeke-aksje organisearjen.
En dêrby freegje ik jimme help om de koeken te ferkeapjen. Nei ôfrin kinne jimme by in hapke en in drankje fan mekoar fernimme hoe of it mei de kondyzje en keatsfoarm is.
De hiele organisaasje fan de koekeaksje is klear, allinne…
we hawwe jimme help echt nedich!
Ferline jier wiene hast 40 frijwilligers yn it spier en we rekkenje dit jier op minstens itselde oantal. Under it motto ‘vele handen maken licht werk’ dogge we dan ek in berop op jimme.
It is hjirby ek noch folle geselliger en it wurket stimulearjend wannear we mei syn allen op paad gean.
Foar wa’t echt net kin wol ik jimme op de bestellist wize, want ek de bedriuwen wer at jimme wurkje kin in bestelling pleatse! Meitsje hjir dan ek safolle mooglik gebrûk fan, want dêrmei hoege der minder koeken doar-oan-doar ferkocht te wurden.
Foar’t we los geane noch efen in oantal oandachtspunten:
- We ferkeapje wer 3 soarten koeke (brúne koeke, kandy en súkerlatte);
- We begjinne op moandei 16 april en fersammelje by de famylje Dijkstra oan de Wynserdyk 10C;
- Eltsenien wurdt fersocht dêr om 18 oere oanwêzich te wêzen sa’t we sa gau mooglik op paad kinne;
- Wa dat kin, graach in auto meinimme en/as in kroade/grutte tas om de koeken yn te dwaan;
- Wikseljild wurdt foar soarge en leit klear;
- Meitsje gebrûk fan de bestellist. It wurket echt!
De planning foar dit jier is sa:
16 april: Easterein, Wommels
17 april: Easterein, Wommels
18 april: Itens, Rien, Spannum, Winsum, Welsrijp
19 april: Reserve
Myn fraach oan jimme my úterlik takom wike witte te litten at jimme al dan net helpe kinne en welke jûn(-en) jim foarkar hat.
Mail nei info@kfeasterein.nl
Wannear de planning rûn is (wa geane wêr, wannear hinne), stjoer ik jimme dit wer fia de mail ta. Mochten jimme in fraach/opmerking hawwe dan hear ik dat fansels graach.
Ut namme fan keatsferiening Easterein alfêst tige tank foar jimme reaksje/oanmelden!!
Groetnis,
Anco Elgersma
06 – 39 80 50 90
BESTELLIST KOEKEAKSJE (WORD) BESTELLIST KOEKEAKSJE (PDF)