Skip to content

Juster hiene we ús jierlikse ledegearkomste. Hjirûnder inkele foto’s en in lyts ferslach.

 

 

 

 

Yn de sfeerfolle kantine ûnder de moaie/nije grutte lampen koene we yn totaal 31 leden begroetsje wêrûnder ús eareleden Tjeerd Dijkstra en Hans Kooistra, haadstiper Tom en Greet Couperus. Namens de Skoalleseize wiene Boudewijn Kramer en Hille Meijer oanwêzich.

 

 

 

 

 

Imke krige noch in presintsje fan de KF yn ferbân mei de winst op de froulju’s PC 2017

 

 

De ofskiednimmende bestjoers -en kommisjeleden

 

Marten ferlit it haadbestjoer as foarsitter fan de technyske kommisje, hy wurdt opfolge troch Bauke Dijkstra.

 

 

Wilma hat ôfskied naam as foarsitter fan de PR kommisje, se bliuwt wol skriuwer yn it haadbestjoer. Nei in opfolgster wurdt noch socht.

 

 

Marije ferlit de technyske kommisje, Marten hie in moai ôfskiedspraatsje foar har en fansels de wolfertsjinne blommen. Nij yn de technyske kommisje is Jan Schurer, hy nimt Bauke syn rol oer as trainingskoordinator.

 

 

Nei yn totaal 31 jier frijwilligerswurk foar de KF dient te hawwen gean Hans en Liesbeth de jeugdkommisje ferlitten. Foar har in praatsje fan Dirk-Yde en ek foar hun in boskje blommen. Nij kommisjelid is Marit Kuperus, der wurdt socht nei noch in nij lid foar yn de JK.

 

Jelle de Boer ferlit de wedstriidkommisje, hy koe troch sykte juster net oanwêzich wêze.

 

Belangrykste punten fan de gearkomste:

  • Mattie hat de wedstriidaginda trochnommen (folget ynkoarten fia de programmafolder by jim yn de bus)
  • It jierferslach is presentearre troch Wilma
  • René hat útlis jûn oer de sifers fan 2017, de begrutting foar 2018 en de kontribúsjeferheging
  • De aksjes foar 2018 binne ferteld: Poiesz jeugdaksje, koeke-aksje (26-28 maart), flessebonnenaksje
  • Hammerstikken AV KNKB bepraten
  • Boudewijn Kramer hat it lêste nijs rûnom de Skoalleseize fertelt
  • Noch 10 fakatueres binnen de KF (sawol bestjoer as kommisjes)
  • Marije en Imke binne oan it wurd west oer it keatskamp (30 april o/m 2 maaie), se komme ynkoarten del op de basisskoalle om hjir oer te fertellen
  • De earste festiviteiten binne dield oer it lustrum yn 2019: der sil ûnder oare in revue spile wurde….. Wurdt ferfolge

 

Om 22.15 oere koe de fergadering sletten wurde en wie der tiid foar in hapke en snapke. Elts tank foar de oanwêzigens!

Back To Top