Neijiersgearkomste 12-11-2014

In noflike gearkomste mei it debút fan de fisefoarsitter en de nije ponghâlder. Mattie liede hat earste ledegearkomste as fisefoarsitter wylst de foarsitter earne oan de oare kant fan de ierde omspaant mei Imke.

As jimme witte wolle wêr hja binne en wat hja dêr belibje, sjoch dan by http://dys.waarbenjij.nu

 

 


Yn it foarwurd ek omtinken foar it ferstjerren fan Tinus Hoekstra. Ferline wike is Tinus Hoekstra ferstoarn, de heit fan Christian, ús haadbestjoerslid en foarsitter fan de fjilden & materialenkommisje, fan Robert dy’t yn 1991 de Freule wûn en Marco dy’t y 1993 in 2e priis wûn op de Freule.

Keatsen kaam by Tinus op it twadde plak, syn hert lei by SDS mar hy mocht it keatsspultsje graach lije. Hy hat jierren lid west en hat yn 1987 de technyske kommisje mei oprjochte. Hat as heit belibje mochten dat twa soannen op de Freule yn de finale stien ha. We sille oan him tinke as in sportyf man mei in protte passy foar de sport en ferienings.


 

 

De nije ponghâlder Skelte wie ek wat senuweftich foar syn debút, mar lykas Mattie ek kreas dien! Drok mei in oantal oaren fan de feriening by de oerdracht fan it ponghâlderskip en fansels de boekhâlding. Al aardich ynwurke en sa koe hy de begrutting fan 2015 presintearre. It foarstel foar de kontribúsje fan 2015 (ferheging fan 0,50) wie akkoard (senioaren, 33,00 en jongerein 25,00)

 

Der waard by it iepeningswurd noch efkes werom sjoen op it seizoen mei it filmke dat ek by de resepsje fan de pupillenfamkes (10-10-2014) toant waard. Sjoch HJIR

 

Der wienen 8 bestjoersleden en sa’n 30 leden op de gearkomste.

 

 

KNKB en Federaasje

De KNKB hat in beliedsplan foar 2013-2017. In oantal ûnderdielen út dat beliedsplan sille no fierder yn detail útwurke wurde en besprutsen wurde op de AV fan 20-11-2014. Tjeerd Dijkstra fertelt oer: “de ranking, de keatswant (oanpassing), keatsbal (oanpassing), it wedstriidstramien (oantallen wedstriden per kategory oanpasse), seizoen koarter?), haadklasse manlju 8 partoer en der komt in 2e klasse foar de froulju”.

Zie ook het artikel KNKB_volop_in_beweging!

 

By Federaasje Snits hat Eppie Heins ôfskie naam as bestjoerslid/ponghâlder. Tige tank foar syn ynset! Der binne op it stuit trije fakatueres! Dat wa belangstelling hat om it Federaasjebestjoer te fersterken, meld jimme oan! By de froulju en jongerein wie yn 2014 de dielname oan wedstriden grutter en by de manlju gelyk bleaun.

Op 28-8-2015 binne de ôfdielingskampioenskippen fan de Federaasje. Wêr dy plakfine sille is noch net bekend.

 

Punten fan it bestjoer

ûntwikkelingen Skoalleseize

Earst wienen de foarsitter (Marrie Eringa) en ponghâlder (Fedde Wiersma) fan de Skoalleseize oan bar mei in moaie presintaasje oer de Skoalleseize sels en oer de ambisjeuze plannen foar de takomst yn gearwurking mei v.v. SDS en K.F. Easterein.

 

Plannen en planning
– Oanlis fan in keunstgersfjild (A-fjild) en renovaasje/optimalisaasje fan it B-fjild
– Renovaasje fan de klaairomtes
– Realisearjen fan ekstra klaairomtes (al útfiert -> houten klaaiboksen efter it A-fjild)

Der is goed oerlis mei de bestjoeren fan de ferienings en der moat fansels in soad jild opbrocht wurde. Lokkich wie der in moai sukses moandei 10-11-2014 doe der in tasizzing kaam fan de Gemeente foar it lêste part fan de finansiering fan dit grutte projekt.

De keatsferiening kin straks beskikke oer in grutter B-fjild, sa’t der mear fjilden/perken lizze kinne. Op it keunstgersfjild kin (noch) net keatst wurde. Traine soe wol kinne en der is/wurdt al ûndersyk dien nei keatsen op keunstgers.

2015 – nei fuotbalseizoen renovaasje fan it B-fjild. Dan keatse op it A-fjild en ein maaie ek dwaande mei de renovaasje fan de klaairomtes. It bestjoer sil noch efkes sjen wêr yn de keatsaginda krityske wedstriiddagen sitte.

2016 – A-fjild yn keunstgers, nei it fuotbalseizoen.

It wie in drokke tiid mei in soad oerlis mei de ferienings en mei Gemeente Littenseradiel en der moat noch in hiel soad barre! Mar we binne no ticht by de mooglikheid fan útfier fan de plannen en dogge in berop op frijwilligers om te helpen!

 

Bartsjinsten
De besetting fan de bartsjinst stiet al in oantal jierren ûnder druk. De Skoalleseize sil de kommende tiid dwaande mei it winnen fan ekstra frijwilligers foar barstjinsten. Dat is wier nedich en dêrom in berop op leden fan de ferienings om mei te helpen!

 

fakatueres: stân fan saken

Goed nijs! Der binne op it stuit gjin fakatueres! Wol is it roaster fan ôftreden foar it haadbestjoer oanpast. De oanpassing wie nedich om’t der oars ta folle bestjoersleden tagelyk ôftrede soenen.

 

Aksjes (Rabobank en Poiesz)

As je lid binne of wurde fan Rabobank Sneek-ZWF dan kinne je ek keatsferiening Easterein stypje! Letter mear nijs hjir oer op de website!

 

EK ha wy ús wer ynskreaun foar de prachtige Poiesz Jeugdsponsoractie. http://www.poiesz-supermarkten.nl/onze-winkels?location=368. We hoopje fansels wer mei dwaan te kinnen oan dizze aksje dy wer tegoede komme sil oan it keatskamp 2015!

 

Utrikking kompetysjeprizen

De kompetysjeprizen fan 2014 wurde útrikt, mar derfoar earst it oantinken foar de winners fan 2013. Yn 2014 hienen we de folgjende winners:

20141112 KFE NJ KompFroulju

Froulju: 1 Janieke Dijkstra, 2 Eefje Hiemstra, 3 Petra Jellema

20141112 KFE NJ KompManlju

Manlju: 1 Hans Kooistra, 2 Tymen Dijkstra, 3 Remon Tie Bouma

 

Keatser fan it jier

It falt net altyd mei om in keatser fan it jier te kiezen. Somtiden ha je de kar út in hiel soad minsken en somtiden is dy kar minder. It bestjoer en de kommisjes kamen mei in pear kandidaten en úteinlik waard it Sipke Hiemstra as opfolger fan de pupillenfamkes Roelie en Corrie Kroondijk. Hja mochten de wikselpriis dan ek oerlange oan Sipke.

20141112 KFE NJ KeatserJier 

De motivaasje fan it bestjoer wie sa:

In keatser fan it jier kieze falt net altyd ta. Meastentiids springe der wol in pear út kwa prestaasjes. Dat is dit jier ek seker it gefal. Tink oan famkes pupillen of skoalfamkes en sa binne der noch wol in pear. En dan de minsken die harren ynsette yn de kommisjes bygelyks. Mar we fine dat we no ek ris in bytsje “bûten de boks” tinke moatte.

 

We ha de kommisjes frege om mei foarstellen te kommen. Dêr kamen nochal wat ferskate nammen út. En dan moatte je in kar meitsje. Dat falt net ta fansels want we ha allegearre fantastyske minsken binnen de keatsferiening. Derom stiet dizze keatser fan it jier ek wol in bytsje foar in hiele protte oare toppers die we binnen de feriening ha.

 

De keatser fan 2014 is ien die meidocht oan KNKB, Federaasje en ledewedstriden en ek warber is binnen de feriening. Ek is dizze persoan hast altyd op kompetysjekeatsen. Hy pakt ek wol gau ris in pryske mei. Mei de ledewedstriden is de konkurrinsje wat grutter leau ik want we kinne allinnich de twadde priis yn de herkansing fine mei de lustrumpartij. Sels wit dizze persoan it fêst better want it is in man/frou fan de statistiken.

 

Fierder is de keatser fan it jier hiel warber as frijwilliger: stiet efter de bar yn de kantine fan de skoalleseize, regeljen fan de attinsjes foar de skiedsrjochters en masseurs, regeljen fan it springkessen, de earste partytinten hat er ek regele neffens my, âld Feinte dei organisearje (mei klaverjassen, BH smite ûnder it genot fan in hapke en in drankje), sit yn de Lustrumkommisje, sels skiedsrjochterje at it past en nei it lotsjen foar de wedstriden kinne we altyd om advys freegje oangeande it oantal fjilden, perken en prizen.

 

We kinne dizze persoan dus net allinnich as skiedsrjochter by de KNKB wedstriden mar sjogge him ek in protte op e Eastereinder fjilden. Hat op syn 21e ek noch in skoftke foarsitter west foar hy in Fryslân ferlitten hat foar in pear jier. Ik tink dat jim no wol yn e gaten ha wa at it stokje oernimt fan de froulju Kroondijk.

 

Dit jier is keatser fan it jier 2014 fan KF Easterein is wurden ……… Sipke Hiemstra

 

Omfreegjen en sluting

De jûnfoarsitter pakt de mikrofoan op foar it omfreegjen en gjin ien hat in fraach en wurdt de gearkomste sluten.