Opjefte 6e keatskamp!

Foar de 6e kear sil KF Easterein in keatskamp organisearje foar de kabouters, welpen, pupillen en de skoaljeugd fan ús feriening. It tema is dit jier ‘kriichsmacht’, dus alles wat mei it leger te krijen hat. Dit keatskamp sil plak fine op woansdei 1, tongersdei 2 en freed 3 maaie 2019.

 

Wy wolle jimme tidens dit keatskamp in goede tarieding biede op it kommende keatsseizoen. Neist in te gek rekreaasjeprogramma, lekker iten en de kâns om in kear yn de Skoalleseize te sliepen, stean der fansels ek in soad leuke trainingen op it programma.


Jimme sille tegearre mei ús diplomearre trainers wurkje oan jim technyk, kondysje, taktyk en mentaliteit. Nei it kamp sille jimme wer hielendal klear wêze foar de wedstriden dy der oan stean te kommen. Sa’n twa wiken foar it kamp sille jimme in programmaboekje troch de bus krije, hjiryn kinne jimme alle fierdere ynformaasje fine.

 

It is de bedoeling dat de welpen, pupillen en skoaljeugd oernachtsje sille yn de sportkantine. Dit mei, mar is net ferplicht. Foar de kabouters jildt dat sy nei it waarm iten nei hûs ta gean, en dat se moarns mei it moarnsbrochje wer yn de kantine ferwachte wurde.

Noch net lid, mar wol graach mei op keatskamp? Sjoch dan op kfeasterein.nl foar hoechst dy sawol oanmelde kinst foar kamp, mar earst noch lid wurde kinst.

 

 

Opjefte en kosten

De opjefte is dit jier ek wer online (klik hjir foar it opjefteformulier). Dêr kinne jim alle ynformaasje yn sette of oanklikke. Fansels binne der al kosten oan dit keatskamp ferbûn. Foar de kabouters binne de kosten €15,- p.p. Foar de welpen, pupillen en skoaljeugd binne de kosten €20,- p.p. Hjir sit it iten, drinken, sliepen, de trainingen en de rest by yn. It jild sil ôfskreaun wurde fan it bankrekkennûmer dat by ús bekend is en hoecht dus net kontant betelle te wurden. Fink dêrfoar ‘ja’ oan op de side. Opjaan kin o/m freed 5 april 2019.



Frijwilligers

Wy ha al minsken ree fûn om ús te helpen tidens it keatskamp. Mar we kinne noch wol wat help brûke. Tink derby oan it bakken fan pankoeken of bygelyks it skjinmeitsjen fan de kantine. As jimme ús hjir graach by helpe wolle dan kinne jimme dat ek oan jaan by de opjefte op de side.

 

Wy hoopje jimme hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen.
We meitsje der mei syn allen in ûnferjitlik keatskamp fan!

 

De keatskampkommisje,


Marco (0613680866), Marije (0630151578), Sieta (0620122296), Imke (0649942283)

Fragen? Stjoer dan in mail nei: keatskamp@kfeasterein.nl

 

 

Wy meitsje gebrûk fan foto’s en/of filmpkes op ynternet. Jou it by ús oan at jim it hjir net mei iens binne.