Opjaan keatskamp 2023!

Jou dy no op foar it keatskamp 2023! In ôfsluting fan it keatsseizoen yn Easterein mei as tema ‘Bisteboel!’  

Keatskes wike 28

sneon 15 july: 1e klas VF yn Hallum Roelie, Corrie en Jennie de krânse!   sneon 16 july Roelie de tredde priis yn Huizum. Fenne de 2de priis yn de winners en Marrit de 2de priis yn de herkansing. Beide by de kNKB C-klasse Skearnegoutum. moandei 17 july: KNKB Makkum.       Corrie de …

Ferslach jeugd-ledenpartij mei Wommels 15-07-2023

Twa kear yn it seizoen hawwe we by in ledenpartij in útwikseling mei de jeugd fan Wommels. Yn maaie wienen de welpen, pupillen, skoaljeugd en jonges/famkes út Easterein al yn Wommels west, no wie it oarsom. Foar de bern die net fuort gean te keatsen is it altyd ynteressant ek werris mei en tsjin oare …

Keatskes wike 27

snein 10 july: Roelie mei har maten de krâns by de dames earste klas t.i.l. yn Balk

Ferslach Jong-Feinte partij 08-07-2023

Dronryp 1 mei de keatsers Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma winne de 18e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein! Dat de waarmte de keatsers yn it liif sit wie dúdlik en seker net frjemd. Dronryp 1 hie foarich jier al in spannende finale keatst mei alles oan ‘e hang. Sy …

Keatskes wike 24, 25, 26

sneon 17 juni: Corrie by de earste klas yn Itens de krânse by de t.i.l.   sneon 24 juni:  Jeska, Corrie en Roelie in moaie twadde priis op it NK dames yn de haadstêd Nederlân.   Roel Sijbesma de krânse by de 50+ yn Pingjum.   snein 2 juli:  Bauke en sin maten in tredde …

Flyer Eastereiner Keatswykein

7, 8 en 9 july is it wer safier! Set it yn de aginda, want dan is ús Eastereiner Keatswykein! Freed in aktiviteit foar de jongerein, sneon de Jong-Feinte partij en snein de Okkemapartij! Komt allen, jim binne alle 3 dagen wolkom!  

Ferslach regio jeugd t.i.l. 30-06-2023

De fjilden fol yn Easterein mei de regio keatsers welpen, pupillen, skoaljeugd, jonges/famkes en junioaren. Prachtich om safolle keatsers by elkoar te sjen. We keatsten yn totaal mei 106 bern!   Welpen famkes 1e priis: Anouk Groen en Elin Stoffelsma. 2e priis: Wietske Poelsma en Anna de Jong.   Welpen jonges yn de winnersronde 1e …