PC Frjentsjer 2016
Woansdei 3 augustus 2016 waard de 163ste PC yn Frjentsjer ferkeatst.
Om in oer as 10 gong it hinne op It Sjûkelân en sa as elts jier wie Easterein, sawol mei keatsers as publyk ek wer goed fertsjintwurdige.
1e omloop
Op de earste list stie Jan Schurer mei Hendrik Tolsma en Jacob Klaas Haitsma tsjinoer âld-Eastereiner Jelte-Pieter Dijkstra mei Hendrik Jan van der Velde en Evert Pieter Tolsma. Dit wie in spannende striid en de partoeren wiene oan elkoar weage oant fjouwer earsten gelyk. Uteinlik is it it partoer fan Jan Schurer dat trochgiet nei de twadde list troch mei 5-4 6-0 te winnen.
Dirk-Yde Sjaarda en Bauke Dijkstra moasten mei hun maat Steven de Bruin fuort oan de bak tsjin Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Se seagen al snel tsjin in 1-4 êfterstân oan. Der is noch kâns op in buordsje op 2-5 6-6 mar it partoer fan Jan Dirk c.s. wint op dizze stân.
2e omloop
Hendrik Tolsma, Jacob Klaas Haitsma en Jan Schurer nimme it op de twadde list op tsjin ien fan de kânshawwers, Johan v/d Meulen, Alle Jan Anema en Hylke Bruinsma. Hendrik, Jacob Klaas en Jan keatse deeglik en meitsje sawol oan de opslach as yn it perk weinig tot gjin fouten. Se komme 1-4 foar en binne net mear út de flow te heljen wêr’t se yn sitte. Op in stân fan 1-5 6-6 makket Jacob Klaas it út mei in boppeslach en dêrmei stean se yn de heale finale!
Heale finale
Yn de heale finale treffe Hendrik, Jacob Klaas en Jan it partoer fan Jan-Dirk, Renze en Hans. Spitigernôch giet it wat te hurd en kinne se de druk net útoefenje wa’t yn de foarige omloop wol goed slagge. Jan-Dirk c.s. rint út nei in 0-5 foarsprong en op in stân fan 0-5 6-6 eindigt de striid foar Hendrik Tolsma, Jacob Klaas Haitsma en Jan Schurer. Mannen, jim kinne tige grutsk wêze mei dizze tredde priis! Fan herte lokwinske!