Skip to content

Mei 34 partoer op de list giene we om goed 12 oere los mei it pearke-keatsen. Der waard yn 4 klassen keatst: TOP(10 partoer), A, B en C (allegearre 8 partoer). We bin fansels wol went oan wat ‘frjemde’ nammen op de list omdat der mar ien fan it partoer lid hoecht te wêze fan de keatsferiening. Ien pearke foel yn it bysûnder op: Tineke Kamstra en Christopher Grove… Hiene we hjir mei in útlânsk idoal te meitsjen? Neifraach by Tineke dy blyken dat we net fier út de rjochting wiene. Dizze dreamman hie se sjoen yn de trein yn New York en fûn de namme Christopher Grove, nei wat wikken en wegen, goed by him pasjen. Om noch wat yn dizze dream te bliuwen keatste se hjoed yn gedachten mei him, mar stie Harm Auke Dijkstra yn it echt mei har yn it perk. In prima ferfanger ;-)!

Under prima waarsomstannigheden waard der keatst mei nocht en foaral ek wille. De measte pearkes wiene goed oanmekoar weage en dit levere moaie, striidlustige partijen op mei hjir en dêr wat famylje-striid.

Yn de TOP klasse mar leafst 10 partoer op de list. Dúdlik te sjen dat Easterein bol stjit fan keatstoppers! De finale gie tusken Jildou Jorritsma/Jort Strikwerda en Dian Dijkstra/Bauke Dijkstra. Yn in spannende partij wûnen Dian en Bauke mei 5-5/6-2.
Ek de finale yn de ferliezersronde wie spannend. Petronella Tolsma/Jelte-Pieter Dijkstra wûnen fan Regina Sandstra/Stefan v/d Weg mei 5-5/6-0.

De finale yn de A klasse gie tusken Hester Kingma en Simon Kingma én Judy Bergsma en Ype Tiemersma. Hester en Simon wiene yn de finale fierstente sterk foar Judy en Ype tsjûge de sifers: 5-1/6-4.

De finale yn de ferliezersronde waard wûn troch Tineke Kamstra en Christopher Grove troch te winnen mei 5-2/6-0 fan Gerry Edou Mollema en Bote Jellema.

De prizen yn de B klasse waarden ferdielt tusken Tineke Yntema en Bote Strikwerda én Sieta Tessamaker en Peter Stuiver, de earstneamden wûnen mei 5-1/6-4.
Yn de ferliezersronde gie de finale tusken Liesbeth Bootsma/Abe-Jan Stegenga en Hans Kooistra/Dieuwke Kooistra. Liesbeth en Abe-Jan lutsen hjiryn oan it langste ein troch te winnen mei 5-2/6-6.

Yn de C klasse wie it foaral in famylje-oangelegenheid tusken de Okkema’s. De finale gie dan ek tusken Vera en Hendrik Okkema én Karin Sjaarda en Durk Okkema. Dizze waard wûn troch de lêsten mei de sifers 5-3/6-6.

Petra Jellema/Mebius de Boer en Wilma Sjaarda/Auke de Boer stiene yn de finale fan de ferliezersronde. Petra en Mebius wiene hjiryn de terjochte winners en wûnen mei 5-1/6-6.

Goed 18.30 oere koene alle prizen útrikt wurde en waard de ferlotting hâlden.
Al mei al in tige slagge keatsdei yn Easterein, mei tank oan ús stipers Murk’s Slagerij, Overal Montagebedrijf en Duo-Bouw.

 

Utslaggen

TOP klasse


Winners

1e Dian Dijkstra en Bauke Dijkstra
2e Jildou Jorritsma en Jort Strikwerda
3e Lysbet Bakker en Ewout de Boer

Ferliezersronde

1e Petronella Tolsma en Jelte Pieter Dijkstra
2e Regina Sandstra en Stefan v/d Weg

 

A klasse

Winners

1e Hester en Simon Kingma
2e Judy Bergsma en Ype Tiemersma

Ferliezersronde

1e Tineke Kamstra en Christopher Grove (alias Harm Auke Dijkstra)
2e Gerry Edou Mollema en Bote Jellema

 

B klasse


Winners

1e Tineke Yntema en Bote Strikwerda
2e Sieta Tessemaker en Peter Stuiver

Ferliezersronde

1e Liesbeth Bootsma en Abe Jan Stegenga
2e Hans en Dieuwke Kooistra

 

C klasse

Winners

1e Karin Sjaarda en Durk Okkema
2e Vera Okkema en Hendrik Okkema

Ferliezers

1e Petra Jellema en Mebius de Boer
2e Wilma Sjaarda en Auke de Boer

 

Foto’s

 

(Foto’s en ferslach: Wilma Sjaarda)

Back To Top