Snein 8 july, in ‘gewoane’ ledenpartij, mar sawol de mannen as froulju keatse hjoed yn 1 klasse! 6 partoeren fan 3 manlju/froulju stiene op de list. Mei in lytse oanpassing yn ’e rigels (manlju mochten de opslach fan de froulju net yn 1 kear boppe slaan) is der hartstikke leuk keatst. Gâns partoeren wienen oan elkoar weage. Bote Jellema, Sieta Tessemaker en Jan-Bouke Bouma waarden hjoed as winners út de bus roppen. Sy wûnen alle 3 partijen. De twadde priis (mei mar 1 earst ferskil mei de nr. 3) wie foar Peter Stuiver, Tjerk Okkema en Petra Jellema.