Skip to content

 

16-12-2012 – HAK Sealkeatsen senioaren

Snein 16 desimber is ús leste keatsparty fan it keatsseizoen 2012. In troch inoar lotters wedstriid fan trije listen. De prizen binne beskikber stelt troch A.HAK INFRANET BV út Swolle. Der is fûleindich keatst yn de sporthal fan Easterein.

 

Op’e  list 23 keatsers, de sporthal moai fol. En der waard omraak keatst, oan it ein fan de dei wiene der mar twa keatsers die al harren trije wedstriden wûn ha. Op de earste list spannende keatspartyen, twa kear 5 -3, in kear 5-5 en sels in party mei alles oan de hang. De twadde list liet wat oare útslaggen sjen, twa kear 5-0, ien kear 5-1 en in party die der noch wat ta die 5-4. Op de tredde list wiene der fjouwer A-keatsers  die harren twa partyen wûn hiene. Marten Faber, Tjeerd Dijkstra, Rene Velzen en Sietske Okkema, mar it wie HAK dei. Moai dat de sponsor dan wit hoe oft it heard, en dus net mei de krâns thúskomt. Rene ferlear mei  5-5 6-6 en  Tjeerd krige klop fan sweager Ype  5-2.

 

Sietske moast mei omke Hendrik yn’t spier. Hendrik Okkema hie as iennichste twa kear wûn yn de B-klasse, mar mei Sietske koene hja de weelde net om de skouders fernearre en krigen de sefte keatsbal mei  5-1 om de earren.

 

Yn de C-klasse allinich spanning om de twadde en tredde priis. Gerry Edou Mollema wie dizze dei mei trije oerwinnings de sterkste. Thalita Dijkstra  wûn it fan skoansus Mattie Dijkstra omdat Thalita tije earsten minder tsjin hie. In moaie keatsery mei de sefte bal, en de tredde helte wie ek wer tige slagge. Nochris tank oan de sponsor A.HAK INFRANET BV.

 

Priiswinners:

A-maten: 1A: Marten Faber, 2A: Rene Velzen, 3A: Tjeerd Dijkstra

 

B-maten: 1B: Gabriele Bouma, 2B: Sipke Hiemstra, 3B: Hendrik Okkema

 

C-maten: 1C: Gerry Edou Mollema, 2C: Talitha Dijkstra, 3C: Mattie Dijkstra

 

Foto’s

20121216 Hak_Sealkeatsen3

20121216 Hak_Sealkeatsen1


09-09-2012 – Stiperdei

Snein 9 septimber 2012 giet de boeken yn as ien fan de waarmste edysjes fan de jierlikse stiperdei. Moarns wie der noch wol wat bewolking mar doe’t de sop en broadsjes efter de knoop sieten en de 1e fan trije listen op it punt stie te begjinnen wie de loft skitterend blau. En dat soe ek net mear feroarje en sa koe it barre dat der keatst waard mei temperatueren fan boppe de 25 graden! En dat yn septimber.

 

Nei in koart pertear en it útdielen fan de ballen giene goed 12.45 oere de 24 dielnimmers de striid mei mekoar oan. Wylst de ien noch efen tiid noadich hie om yn it ritme te kommen, fleach de oar fanôf de earste slach oer it fjild as diene hja noait oars. Lykas as foargeande jieren wie it dan ek dit jier wer prachtig te sjen hoe at guon stipers keatse kinne, ek al keatse hja hast noait. Dit stimulearet de oaren ek wer en sa koe it dat hast alle 6 partijen san 1 ½ oere douren want it wie hast allegear 5-4 as 5-5.

 

En dat mei it tige waarme waar. Gelokkich wiene der in pear attinte froulju dy’t amers mei wetter efter de perken setten hiene want dat wie tige wolkom. Spitichernôch wie de waarmte miskien wol reden fan it utfallen fan Jan Vellinga. Op 4-4 6-6 sloech hy de keats noch geweldich foarby mar roen dêrby in ‘zweepslag’ op en moast opjaan. Gelokkich woe Abe Jan Stegenga fanôf de 2e list it plakje fan Jan wol oernimme.

 

Neidat de 1e list ferkeatst wie koe eltsenien efen yn it skaad bekomme want de lange partijen hie wol wat fan de krêften frege. Gelokkich wie it hearlik koel yn de Skoalleseize en wiene de kâlde hapkes tige wolkom. Yntusken wiene de swembadsjes foar de bern klear makke, de swimklean oanlutsen en koe it wetter spuitsjen begjinne. De keatsers moasten allinne wer yn it fjild oantrede foar de 2e list.

 

Dizze kear wiene de ferskillen opfallend grut en eindigen mar leafst 4 fan de 6 partijen op 5-0 as 5-1. Hie de earste list tefolle frege? Lokke de swembadsjes dochs wol hiel bot? As wiene de winners dizze kear gewoan folle better (en fitter). Tidens de pauze koe dêr moai oer neipraat wurde under it genot fan in hearlik stikje oranjekoek.

 

Foar de tredde list wie sprake fan ien wiksel. Jan Bouke Bouma naam it plakje fan Liesbeth Bootsma yn (sels ynfallen foar de net fitte Eefje) want sy moast noch wurkje. De lêste partij moast de beslissing jaan want der wiene in oantal dy’t noch foar de krânse gean koenen.

 

Uteinliks wie by de A-keatsers Durk Jorrit van der Eems dy’t as ienichste alle trije partijen woen hie en mei 21 punten de earste priis pakte. Hans Kooistra, yn de earste partij mei 5-5 gelyk noch fan Durk Jorrit ferlen, wún dernei de oare twa partijen en sa wie de twadde priis mei 19 punten foar Hans. Anne Bakker en Abe Jan Stegenga hiene beide 18 punten mar Abe Jan hie 10 earsten tsjin, de tredde priis foar him, en Anne 12 earsten en krige de 4e priis. As treastpriis wie der noch in Eastereiner slokje foar Jan Vellinga.

20120909 Stiperdei_1epriis

1e priis A: Durk Jorrit van der Eems en 1e priis B: Mattie Dijkstra

By de B-keatsers gie de finale tusken Mattie Dijkstra en Sjoukje van der Eems. Sy hiene beide twa kear wún en de it lot hie harren yn de lêste partij tsjin mekoar brocht. It wie Mattie dy’t dit mei har maat wist te winnen en dat brocht Mattie de krâns mei 21 punten. De twadde priis gie nei Wilma Sjaarda. Likefolle earsten foar as Sjoukje mar Wilma hie 2 minder tsjinearsten (12 om 14). Nei de ferkoelende sprong yn it badsje foar Wilma nei de lêste slach in moaie 2e priis. Sjoukje pakte de tredde priis mei dus 18 punten. De 4e priis mei 17 punten wie foar Jan Hiemstra. Foarich jier noch de krâns mar mei in wat kribintige earmtakke wie dit dochs in unferwachts resultaat. Talitha Dijkstra untfong dit jier de poedelpriis.

20120909 Stiperdei_2epriis

2e priis A: Hans Kooistra en 2e priis B Wilma Sjaarda

20120909 Stiperdei_3epriis

3e priis A: Abe Jan Stegenga en 3e priis B Sjoukje van der Eems

20120909 Stiperdei_4epriis

4e priis A: Anne Bakker en 4e priis B: Jan Hiemstra

De moaie krânsen wienen wer stipe troch Tuincentrum Gaardenier te Wommels. Nei de foto’s fan de priiswinners wie der noch in gesellige neisit en koe werom sjoen wurde op in tige slagge stiperdei. Alle stipers noch ris tige tank foar jimme finansjele stipe oan ús prachtige keatsferiening!

(Mear foto’s, sjoch yn it menu by Foto’s: 20120909_Stiperdei))


07-09-2012 – Nachtkeatsen en slotdei jongerein

Dit jaar een combinatie van nachtkaatsen en slotdag in één. Wij als bestuur vonden dit ook een leuk idee, en dan in de pyama, want het is nachtkaatsen, dus dat doe je in nachtkleding. De meeste kinderen vonden het een leuk idee en hadden dit gedaan, maar ook het jeugd bestuur en de vrijwilligers hadden ook de nachtkleding aan, geweldig.

 

 

Met 46 kaatsers gingen we om 19.15 los, nog geen nacht kregen we van de kinderen te horen, maar bij de tweede partij werd het al wat donker en dat is toch wel spannend. En bij de derde partij, toen was het helemaal vet [uitspraak van een kind] donker dus, dit vond iedereen heel leuk.

 

Het was kaatsen met een grote bal en niet met een kaatsbal, deze stuitert ook meer, dus meer tussenspel, er mocht niet in 1 keer boven maar dit lukte ook niemand. Maar bij de kabouters waren er toch een paar die hem zonder stuit over de bovenlijn sloegen. Bij de kabouters was dit toegestaan, dus dat was heel goed, echte talenten voor de toekomst. En de prijzen gingen naar:

Kabouters    
1A Niels Janssen 2A Siebo Boersma 3A Jelmer Brouwer
1B Hedwig Kooistra 2B Senay Sixma 3B Mirthe Overal
Welpen    
1A Roelie Kroondijk 2A Corrie Kroondijk  
1B Halbe Willem Overa 2A Marrit Hiemstra  
Pupillen    
1A Jeska Terpstra 2A selma de boer  
1B Julia Paauw 2B Tjalling Tjalsma  
Schooljeugd    
1A Jorrit Veldman    
1B Marianne de Vries    

 

Allemaal van harte gefeliciteerd met jullie prijs.

20120907 Nachtkeatsen_Slotdei01

20120907 Nachtkeatsen_Slotdei02

20120907 Nachtkeatsen_Slotdei03

20120907 Nachtkeatsen_Slotdei04


En toen kwam nog de uitslag van het competitiekaatsen:

Kabouters    
1e Niels Janssen 2e   Siebo Boersma 3e Redmer Stegenga
Welpenmeisjes    
1e Corrie Kroondijk 2e Roelie Kroondijk 3e   Nadja Sixma
Welpenjongens    
1e Halbe Willem Overal 2e   Marc Janssen 3e   Bauke Reijnhoudt
Pupillenmeisjes    
1e Jeska Terpstra 2e   Selma de Boer 3e   Julia Paauw
Pupillenjongens    
1e Kees vd Horst 2e   Rutger Wiersma 3e   Jeljer Overal
Schoolmeisjes    
1e Geja Hofstee 2e   Janieke Dijkstra 3e   Jildou Couperus
Schooljongens    
1e Jorrit veldman    

 

Allemaal van harte gefeliciteerd. En we hopen jullie volgend jaar allemaal weer te zien op de competitie. De vrijwilligers ook allemaal bedankt, zonder jullie kunnen we dit echt niet, en geweldig dat jullie ons allemaal wilden helpen!

 

Bedankt namens het jeugd bestuur,

Tjerk, Gep, Riemy, Carin, Joke, Annette en Petra



02-09-2012 – De Jong-partij – Senioaren

20120902 DeJongpartij

F.l.n.r: Christian Hoekstra, Jan Vellinga, Lysbet Bakker, Wiepkje Hiemstra, Han Kooistra en Theo de Jong (stiper)

 



24-08-2012 – Jubileumpartij Skoalleseize 25 jier – Senioaren

20120824 Skoalleseize25_5

By de senioaren wienen de krânsen foar Bote Jellema en Stefan vd Weg by de manlju en foar Gerbrig Reitsma, Gerry Edou Mollema en Fetsje Terpstra by de froulju.

 

 

Hjoed wy it oan KF Easterein om de dei  te follen mei aktiviteiten dat wurd fansels keatsen. Moarns de jeugd en middeis om 13.00 de senioaren froulju en manlju by elk 8 partoer op ‘e list kin net better.

 

It waar is moai en om 13.15 giet els los, de earste omloop is der lang keatst om alle partijen út te keatsen. By de froulju falt Gabriële Bouma út omdat se siik is, der foar yn it plak kaam Marijke de boer se stûn op de reserve list en koe it plakje moai oer nimme.

 

Yn de finale fan de winnersronde stoenen Marten Faber en Sipke Hiemstra tsjin oer Stefan v/d Weg en Bote Jellema.  De jonge mannen wûnen mei 0-5 6-6.

 

Yn de ferliezersronde  wyn se mear oan elkoar weage Erwin de Boer, Anne Bakker, Han kooistra tsjin Anco Elgersma, Jan Vellinga, Wietse Vink der wûn it partoer fan Erwin de Boer mei 5-3 6-4.

 

 

Yn de finale by de froulju  stûn Gerry Edou Mollema, Fetsje Terpstra en Gerbrig Reitsma tsjin oer Hester Kingma Arjanna  Schaafsma en Riemy Kamstra mei de selde útslach as de manlju wint it partoer fan Gerry Edou Mollema mei 5-0 6-6.

 

Yn de ferliezersronde komme Ida Hallema, Petra Jellema en Janna Reitsma, Marijke de Boer en Marjan Flapper tsjin  se keatsten in spannende lange partij krekt foar dat de rein mei bakken út de loft komt wint it partoer fan Ida Hallema mei 5-5 6-4.

 

Nei de priis útrikking wie de noch in gesellige barbecue.



24-08-2012 – Jubileumpartij Skoalleseize 25 jier – Jongerein

 

De keatswant koe hjoed thús bliuwe want der waard keatst mei in tafeltennisbatsje. We krigen al wat nuvere gesichten doe’t de bern dit hearden.

 

Mar nei de earste party fûnen de measte bern it wol leuk.Mar it foel noch net ta om de bal yn it perk te krijen, mar geandewei de party slagge dat steeds better. Der waard 3x 20 min.keatst mei 3 ferskillende listen. Dus elts keatste foar syn eigen punten.

 

De prizen waarden sponsere troch de Skoalleseize. Ek krigen alle bern in moaie medailje fan de Skoalleseize y.f.m it 25 jierig jubileum.

 

Jongereinkommisje

Utslach kabouters: Utslach welpen:
1e Siebo Boersma 1e   Nynke Paauw
2e Hedwich Kooistra 2e   Halbe Willem Overal
3e Niels Hiemstra 3e   Roelie Kroondijk
4e Arjen Stremler 4e   Amber Reijhoudt
5e Redmer Stegenga  
   
Utslach pupillen: Utslach skoaljeugd:
1e Rimmer Kamstra 1e   Janieke Dijkstra
2e Rutger Wiersma 2e   Geja Hofstee
3e Alien Dijkstra  
4e Margriet Jellema  

20120824 Skoalleseize25_1

20120824 Skoalleseize25_2

20120824 Skoalleseize25_3

20120824 Skoalleseize25_4


22-07-2012 – Alder-Bernpartij

Met 36 partuur op de lijst ging de strijd om 1 uur los. Voor sommige ouders was het spannend. Nog nooit een kaatsbal geslagen. Maar dan toch mee kaatsen met de ouderkindpartij, een dikke pluim. Er werd leuk en sportief gekaatst. En er werd heel veel gelachen.

Het was prachtig mooi weer het kon niet beter. Het was een zeer geslaagde middag.

20120722 AlderBern

(klik op de foto foar in grutter eksimplaar!)

 

Kabouters

 

1e prijs Redmer en Abe Jan Stegenga

 

2e prijs Rutger en Peter Sybesma

 

3e prijs Judith en Peter v d Weerdt

 

Poedelprijs Janneke en Elisabeth Overal

 

 

Welpen

 

1e prijs Nynke en Jouke Paauw

 

2e prijs Halbe Willem en Wilco Overal

 

3e prijs Roelie en Annette Kroondijk

 

 

Pupillen

 

1e prijs Jeska en Gerrit Terpstra

 

2e prijs Julia Paauw en Ype Tiemersma

 

3e prijs Rimmer en Klaas Kamstra

 

 

Skoaljeugd

 

1e prijs Jorrit Veldma en Tjerk Okkema

 

Pakes en Beppes hartelijk bedankt voor jullie sponsering!

 

Vriendelijke groet de jeugdcommisie.


21-07-2012 – Posthumapartij

Mei prachtich waar giene we om goed 13 oere los mei de Posthuma partij. Sawol by de manlju as froulju 6 partoer op de list. Sadwaande waard der by beide keatst yn 2 poules.

FOTO FOLGET NOCH

By de manlju waard der yn de  1e omloop dreech keatst, 1 partij duorre sels 2 oeren! Spitich genôch foel Rene Velzen nei de 1e omloop út mei in knibbelblessuere. Simon Kingma en Peter Sijbesma wiene al útkeatst en nei lotting waard bepaald dat Simon oanslute mocht by it partoer Ype Tiemersma en Roel Sijbesma.

 

De partoeren fan Syb Overal, Peter Stuiver, Jan Bouke Bouma én Ewout de Boer, Abe Jan Stegenga, Tjerk Okkema moasten fjochtsje foar in plak yn de finale. De spannende striid waard wûn troch Ewout c.s. mei de stân 5-5 6-2.

 

Simon Kingma (nei 1e omloop ynfallen foar de blessearre Rene Velzen), Ype Tiemersma en Roel Sijbesma stiene tsjinoer Danny Roos, Christian Hoekstra en Marko Rypkema foar it oare plak yn de finale. Danny c.s. moasten belies jaan tsjin Simon c.s., it waard 5-1/6-6. In finale dus tusken Ewout c.s. en Simon c.s. Ewout c.s. wûnen mei 5-2/6-4 fan Simon c.s.

 

 

By de froulju gie it keatsen wat flotter, se hiene de gong der yn. Yn poule A gie de striid om in finale plak tusken de partoeren Sietske Okkema, Janieke Dijkstra, Talitha Dijkstra en Jitske Veldman, Dian Dijkstra. Dizze wedstriid waard wûn troch Sietske c.s. mei 5-2/6-0.

 

Yn poule B hiene de Romine Jelsma, Sanne Rixt Jorritsma, Willy Bootsma én Gabriele Bouma, Lysbet Bakker, Machtelt Couperus harren 1e wedstriid wûn. Op de 3e list moasten sy dus stride om in plak yn de finale. De einstân waard beslist yn it foardiel fan Romine c.s. mei 5-2/6-6.

 

Flak nei 17 oere gie de striid los tusken de froulju. Sietske c.s. wiene hjiryn in maatsje te grut foar Romine c.s. en wûnen mei 5-2/6-6. Nei in flot ferrin fan de finales koene we de prizen run 19 oere útrikke.

Mei tank oan sponsor Posthuma Skildersbedriuw!

 

 

Utslach manlju

1e Ewout de Boer, Abe Jan Stegenga, Tjerk Okkema

2e Simon Kingma, Ype Tiemersma, Roel Sijbesma

 

 

Utslach froulju:

1e Sietske Okkema, Janieke Dijkstra, Talitha Dijkstra

2e Romine Jelsma, Sanne Rixt Jorritsma, Willy Bootsma


07-07-2012 – Bospartij – jongerein

 

It wie in prachtige dei om te keatsen. De sinne wie der en it wie lekker waarm. De jongerein  hie der in protte sin yn. Foaral de Kabouters kinne net wachtsje. Nei in wolkomstwurd fan Petra giet it los.

Der wie betiden moai keatsen te sjen. Der rinne seker talinten rûn yn Easterein en de bal wurd goed rekke, bij sawol it opslaan as it útslaan. Wat opfoel wie dat de bern serieus yn ’t spul wiene. Der stie hjoed  nea ien op de kop yn ’t fjild, wat wolris foarkomme wol.

 

Bij de kabouters binne der 8 partoer en wurdt  der keatst mei in winners en ferliezers rûnte .Bij de welpen en de pupillen binne der 4 partoer elk  en spilet elk partoer in kear tsjin mekoar.

 

Bij de Kabouters wiene der 6 partoer fan 2 en 2 partoer fan 3 bern. Dat wie somtiden wol wat yngewikkeld at der in partoer fan 3 bern tsjin in partoer fan 2 keatse moast. Dit bringt it spul fan de kabouters ek mei har mei. De bern binne sels wol sa oplettend dat dit se meastentiids goed ôfgiet.

 

20120707 Bospartij_Kabouters

Bij de Kabouters wie de earste priis en dermei de krâns foar it partoer fan Niels Janssen en Arjen Stremler. Sy keatsten deeglik. Beide koene se goed opslaan en útslaan. De twadde priis gong nei Redmer Stegenga en Janneke Overal dy ek goed keatsten mar it krekt net rêden yn de finale.

 

De earste priis yn de ferliezers rûnte gong nei Rutger Sijbesma en Judith v.d. Weerdt, in deeglik perk. Beide kinne se de ballen wol boppe krije. De twadde priis wie foar Jelmer Brouwer, Hedwich Kooistra  en Bernou v.d. Velde. Der wie in medalje te koart en Jelmer wie sa dapper om de medaljes oan de froulju út rikke te litten. Hja hawwe dit op de foto moai oplost. En Jelmer krijt fansels de medalje sa gau mooglik ek.

 

-Foto welpen folget noch-

Bij de welpen wie it spannend oant de lêste list wat at der winne soe. It koe doe noch in protte  kanten op. De winners nei 3 x keatsen wiene Machtelt Veldman, Amber Reijnhoudt en Marrit Hiemstra sy hawwe alle wedstriden wûn. Nynke Paauw, Halbe Willem Overal en Jan Joustra ha in wedstriid minder wûn en hawwe dertroch de twadde priis.

 

20120707 Bospartij_Pupillen

Bij de pupillen wie it ek oan de lêste list ta  noch net wis wa at winne soe. Spannend dus.  De lêste partij  tusken de partoeren  fan Jildou Couperus, Margriet Jellema en Rutger Wiersma, Jeljer Overal  wie as in finale want ik gong tusken dizze 2 partoer wa as der mei de krâns nei hûs ta gong.

 

It wie spannend mei 5-5 en 6-6 en it binne Jildou en Margriet dy de krâns omhongen krigen. Rutger en Jeljer binne net ûnfertsjinstlik twadde wurden.

 

Lokwinske oan alle riiswinners. En foar alle keatsers … jim hawwe wer geweldich jim bêst dien krekt as al de âlden dy’t ek aktyf wiene bij it helpen en fansels de taskôgers die de bern oanmoedige hawwe.

 

De jongereinkommisje.

 


20-06-2012 – Van Krimpenpartij – jongerein

 

Het was mooi weer om te kaatsen en er waren leuke en verrassende partijen bij.

 

Bij de KABOUTERS waren 8 parturen. In de winnaarsronde hebben Rutger Sijbesma en Mirthe Overal de 1e prijs en  Redmer Stegenga en Daniel v/d Weerdt de 2e prijs.

In de verliezers ronde hebben Niels Janssen en Niels Hiemstra de 1e prijs en Jelmer Brouwer en Judith v/d Weerdt de 2e prijs

20120620 VanKrimpen_1Kabouters

Bij de WELPEN waren 4 parturen. De 1e prijs ging naar Corrie Kroondijk, Marc Janssen en Marrit Hiemstra. De 2e prijs ging naar Machtelt Veldman en Bauke Reijnhoudt.

20120620 VanKrimpen_2Welpen

Bij de Pupillen waren 4 parturen. De 1e prijs ging naar Selma de Boer en Julia Paauw. De 2e prijs ging naar Jeska Terpstra , Alien Dijkstra en Jeljer Overal.

20120620 VanKrimpen_3Pupillen

De schooljeugd ging jammer genoeg niet door er was te weinig  deelname. We hopen dat ze er de volgende keer weer bij zijn.


08-06-2012 – MRW – nachtkeatsen senioaren

20120608 MRW_Nachtkeatsen

Efter: Willy Bootsma, Wiepkje Hiemstra, Dian Dijkstra

Foar: Sjouke Schilstra, Feite de Haan

Dit jier hawe it nacht keatsen wat earder yn it jier op de aginda setten. Meastal is de partij op it einde fan it keatsseizoen mar dêr wie net folle plak mear oer. De opkomst wie, lykas foarich jier, net hiel  grut, it wy droech gelokkich mar der stûn aardich wat wyn. Sawol by de manlju as by de froulju wienen 6 partoer  en der waard mei 3 ferskillende listen keatst.

By de froulju A wûnen Wiepkje Hiemstra en Jitske Veltman beide 3 kear, mar om’t Wiepkje 21 foar en 9 tsjinearsten hie en Jitske 21 foar en 13 tsjinearsten,  gong de earste priis nei Wiepkje en de twadde nei Jitske.

By de froulju B wie it noch wat spannender. Dian Dijkstra en Sanne Rixt Jorritsma wûnen ek beide 3 kear en hienen beide 21 foar, mar Dian wûn de earste priis. SY hie 9 tsjinearsten en Sanne Rixt 10 en dêrmei de twade priis.

By de froulju C wie mar 1 priis mei 21 foar en 10 tsjin wûn Willy Bootsma de 1e priis.

Feite wûn as ienige 3 kear en naam de krâns mei nei hûs, Stefan van Krimpen wûn 2 kear by de Manlju A en waard twadde.

By de Manlju B wûn ús nije lid Sjouke Schilstra mei 19 foar en 15 tsjin de krâns en Stoffel Bouma waard twadde mei 17 foar en 8 tsjin.

Der wie foar de keatsers mei de minste foar ek nocheen pûdelpriis. Dizze gong by de froulju nei Mattie Dijkstra mei 8 foar en by de manlju nei Tom Couperus mei 7 foar.


27-05-2012 – Pearkekeatsen

20120527 Pearkekeatsen1

20120527 Pearkekeatsen2

Op in prachtige pinkstersnein wie wer it jierlikse pearkekeatsen. In moaie list fan 35 partoeren ferdielt oer 4 klassen koe goed kertier oer tolven los. Mar net hearder as de measten harren noch efkes goed ynsmart hiene (litten) tsjin de felle sinne. Nei goed fiif kertier en trije wedstriden dy’t pas op 5-5 6-6 beslikke waarden, koe elkenien efkes ferkuolling sykje yn de Skoalleseize wer at Fedde de hearlike grientesop goed kwyt koe oan de keats(-t)ers. Nei ek noch wat broadsjes koe hast elkenien dernei wer los en mei de opdiene enerzjy begûn wurde oan de twadde list.

Yn de TOP-klasse stiene 8 pearkes op ‘e list. Nei 2 partijen gie de finale yn de winnersronde tusken Sietske Merkus/Sybrand v/d Weij en Jildou Jorritsma/Jort Strikwerda. It wie úteinlik Sietske en Sybrand dy’t oan it langste ein lutsen en de krânsen pakten troch mei 5-3 en 6-4 te winnen.

Yn de ferliezersronde wie it in treffen tusken Tineke Kamstra/Feite de Haan en Romine Jelsma/Christian Hoekstra. Lêstneamden keatsten deeglik en pakten maklik de winst op 5-0 en 6-4..

Yn de A-klasse ek 8 partoer op de list. De earste omloop wiene 3 fan de 4 partijen op 5-5 einige wêrfan 2 sels mei alles oan de hang. It wiene úteinlik it jeugdige duo fan Marijke en Erwin de Boer dy’t it yn de finale fan de winnersronde opnimme moasten tsjin de erfaring fan Mattie en Tjeerd Dijkstra. Nei harren 25-jierich houliksfeest in ferlet kadootsje foar harren sels want sy lutsen de partij nei harren ta doe’t de partij op 5-3 6-6 yn harren foardiel beslikke waard.

Yn de ferliezersronde stiene Sietske Witteveen/René Velzen tsjinoer Gabriële Bouma/Hendricus Tacoma. Hjir in lyk opgeande striid dy’t op 5-4 en 6-6 wûn waard troch Gabriële en Hendricus.

Yn de B-klasse in moaie list fan 10 partoer mei in miks fan jeugdich talint en âlde rotten yn it fak. De fraach wie dan op foarhân dan ek wat by dit waarme waar de trochslach jaan soe. Oan it ein fan de dei wie dúdlik dat de jeugd yn dizze klasse foar bêst op sloech want it wie in finale tusken twa jonge partoeren. Oan de iene kant Sanne-Rixt Jorritsma/Rémon Thie Bouma en oan de oare kant Regina Sandstra/Bauke Jan Plantinga. Úteinlik winne Sanne-Rixt en Rémon Thie de krâns want sy winne de finale mei 5-2 en 6-2. Der wie ek noch in tredde priis foar Pep de Boer/Klaas Pompstra. Sy koene it yn de heale finale krekt net risse tsjin Sanne Rixt en Rémon Thie want sy ferlieze pas op 5-5 en 6-2.

Yn de ferliezersronde gie de finale tusken Arjanne Schaafsma/Bote Jellema tsjin Wiepkje Hiemstra en Roel Sijbesma. Yn dizze partij wiene it ek youngsters dy’t it fan de erfaring wisten te winnen want sy pakke de partij mei 5-4 en 6-2,

Yn de C-klasse in list mei 9 partoeren. Yn de winnersronde gie de finale tusken de favoriten Joke en Jacob Wiersma tsjin de natuertalinten fan it skrok, te witten Talitha Dijkstra/Jelle de Boer. Beide pearkes hiene in steand nûmer hân mar it wiene úteinlik Joke en Jacob dy’t harren favoritenrol wier makken en de krânse pakten troch nei in spannende finale te winnen mei 5-4 en 6-4. Der wie ek noch in tredde priis foar Karin Sjaarda/Durk Okkema. Nei in steand nûmer en winst op de twadde list foel yn de heale finale de beslissing pas op 5-5 en 6-6 en stapten Talitha en Jelle de finale yn.

Yn de ferliezersronde gie de finale tusken Tettje en Mebius de Boer en Jikke Velzen en har broer Douwe Greidanus. It binne Tettje en Mebius dy’t dizze finale witte te winnen mei 5-2 en 6-2.

Nei dat de fjilden opromme wiene, in oantal keats(-t)ers in waarme brûs nommen hiene en it terras fol siet waard der noch in ferlotting hâlden. De leden stipen de keatsferiening troch it manmachtich keapjen fan lotsjes foar it winnen fan in fles wyn as wat fleis foar op de bbq. Dernei de priisútrikking en de foto fan de krânswinners. Sa kaam in ein oan in prachtige keatsdei en koe noch efkes lekker neisitten wurden op it terras.

Ek al is it pearkekeatsen in wedstriid yn twatallen, as stipers hiene we ek dit jier in echt partoer. Sa stiene Murk’s slagerij, Willem Overal Montage en Duo Bouw Timmerbedrijf garant foar it stypjen fan dizze moaie partij. Noch ris tige tank oan de stipers!


17-05-2012 – Witteveen & Brouwer partij

20120517 WB

Under prima waarsomstannichheden is der fanatyk, sportyf én spannend keatst by de Witteveen & Brouwer partij.

 

Mei 6 partoer bij de froulju en 9 partoer by de manlju bin we tsjin healwei 1-en los gien. De froulju keatsten yn 2 poules fan 3 partoer en de manlju hiene in ‘gewoane’ list mei 9 partoer. Hjirtroch wiene de wachttiden soms wol wat (te) lang, mar hiene de mannen wol alle tiid om op azem te kommen!

 

Froulju

 

By de froulju foel Petra Jellema yn de 2e omloop út mei in blessuere oan de foet. Lokkich wie Gerry Edou Mollema sa sportyf om har plak yn te nimmen.

 

De froulju keatsten om raak, in soad partijen einigen op 5 gelyk. Uteinlik waard poule A wûn troch Gabriële Bouma, Lysbet Bakker en Machteld Couperus, sy wûnen beide partijen yn har poule.

Arjanne Schaafsma, Ingrid Vellinga en Elske van der Meulen waarden de winners fan poule B, ék sy wûnen beide partijen in har poule.

 

Yn de beslissende partij tsjin Romine Jelsma, Dian Dijkstra en Welmoed Mollema wurken Arjanne c.s. in efterstân fuort fan 3-5-2-6 nei winst mei 5-5 6-4. Om goed kertier oer 5-en gie de finale los, dizze wie eins it minst spannend fan de dei en waard wûn troch Arjanne, Ingrid en Elske mei 5-3 6-0.

 

Utslach froulju:

1e priis  Arjanne Schaafsma, Ingrid Vellinga en Elske van der Meulen

2e priis Gabriële Bouma, Lysbet Bakker en Machteld Couperus

 

 

Manlju

 

By de mannen stiene Marco Hoekstra, Abe Jan Stegenga, Tom Couperus tsjinoer Erwin de Boer, Harm Auke Dijkstra en Wietse Vink yn de finale fan de ferliezers, Marco c.s. giene der mei de 1e priis fan troch trochdat Tom op de stân 5-3 6-2 in fligende sitbal sloech.

 

De finale yn de winnersronde gie tusken Ewout de Boer, Sipke Hiemstra, Jan Bauke Bouma en Syb Overal, Gerrit Terpstra, Mebius de Boer. Syb c.s. wûnen op de 3e list nei in spannende partij fan Sijbrand van der Weij, Peter Stuiver en Ids de Boer, op de stân 5-4 6-6 slacht Gerrit de bal ûnderhâns boppe, prachtige bal! De finale waard wûn troch Ewout, Sipke en Jan Bauke mei 5-4 6-0.

 

Utslach manlju

1e priis winners              Ewout de Boer, Sipke Hiemstra, Jan Bauke Bouma

2e priis winners              Syb Overal, Gerrit Terpstra, Mebius de Boer

1e priis ferliezers           Marco Hoekstra, Abe Jan Stegenga, Tom Couperus

2e priis ferliezers           Erwin de Boer, Harm Auke Dijkstra, Wietse Vink

 

Om goed 19 oere koene de prizen útrikt wurde.

Mei tank oan Witteveen & Brouwer!

 


09-05-2012 – Kniplokaeltsjepartij

 

De eerste kaatspartij voor de jeugd. Altijd weer een leuk en spannend begin, bij wie zou ik zitten? En gaan we een prijs winnen? Natuurlijk hopend van wel, maar ja met 50 jongeren op het kaatsveld kan natuurlijk niet iedereen een prijs winnen.

 

Bij de kabouters is het meestal zo, dat wie de opslag al een beetje goed kan, die haalt meestal de punten binnen. Maar ook de uitslag ging deze keer al best goed, er lopen al een paar beginnende talentjes rond. Dus dat ging goed en heel gezellig.

20120509 Kniplokaeltsje_1Kabouters

1e Niels Janssen, Jelmer Brouwer, Niels Hiemstra

2e Siebo boersma, Daniel van der Weerdt, Snay Sixma

 

De welpen waren aan het poulekaatsen, dus iedereen tegen iedereen, een mooi systeem want iedereen kan 3x kaatsen. Daar was het ook best spannend, en een paar leuke winnaars.

20120509 Kniplokaeltsje_2Welpen

1e Nynke Paauw, Bauke Reijnhoudt

2e Roelie Kroondijk, Halbe Willem Overal

 

De pupillen kaatsten ook in een poule van 4, maar wel met zijn drieeen en 1 partuur van twee personen. Die kwamen ook nog in de finale, dus geweldig.

20120509 Kniplokaeltsje_3Pupillen

1e Jeska Terpstra, Margriet Jellema, Julia Paauw

2e Rutger Wiersma, Hendrik vander Eems

 

Bij de schooljeugd hadden we op wat meer personen gehoopt omdat we dit jaar om 5 uur zouden beginnen. Ook omdat er nog jeugd op de fiets uit Sneek moest komen. Maar dit viel een beetje tegen, maar ze konden toch nog allemaal 3x kaatsen. Behalve Bbaukje Terpstra want die ging halverwege de tweede partij door haar enkel en moest ophouden. Hopenlijk valt het allemaal een beetje mee en van ons in ieder geval sterkte toegewenst.

20120509 Kniplokaletsje_4Skoalbern

1e Remon Tie Bouma, Jildou Couperus

2e Arjanne Schaafsma, Jorrit Veldman, Geja Hofstee

 

Iedereen van harte gefeliciteerd met de prijzen. De kabouters die geen prijs hadden hebben toch allemaal nog een kleine prijs gekregen, en wel een mooie medaille. De sponsor en de vrijwilligers die ons hebben geholpen allemaal bedankt!!!!!

 

De jeugdcommissie: Tjerk, Gep, Riemy, Carin, Annette, Joke en Petra

 


30-04-2012 – Keninginnedei – Oranje & Heitelân

20120430 Keninginnedei

Efter: B-klasse: René Velzen, Tjipke Okkema, Marco Hoekstra, Froulju B: Mattie Dijkstra, Karin Sjaarda, A-klasse: Sybrand vd Weij, Ewout de Boer, C-klasse: Tjerk Okkema, Tom Veldman.

Foar: Froulju A: Tineke Kamstra, Romine Jelsma, JOngerein: Jorrit Veldman, Martine Kooistra, Bote Jellema

 

Keninginnedei, de earste keatswedstriid fan it jier. De measten moatte dan wer efkes yn it spul komme, en de stramme spieren wurde wer efkes oprutsen. It waar is prachtich, in strak blauwe loft en wynstil, wat wolle we noch mear! Der wie wat minder dielname, mar it wie in slagge dei.

 

 

By de manlju A wienen 4 partoer fan 2 en hja keatsten yn 1 poule. Pytrik Hiemstra foel út troch in blessuer, der kaam Tjipke Klaas Okkema foar yn it plak. Gert-Jan Hiemstra foel yn de earste omloop út troch in ankelblessuer. Simon Kingma wie sa sportyf om dit plakje op de foljen. Simon Kingma en Danny Roos en  Sybrand v/d Weij en Ewout de Boer kamen tsjinoer inoar yn de finale. Dizze waard wûn troch Sybrand en Ewout mei 2-5:0-6.

 

 

By de manlju B wienen 9 partoer en waard der keatst mei in gewoane list. Gep Bakker kaam by it partoer fan Anne Bakker en Klaas Pompstra om’t Simon nei de A klasse gong. De finale in de winnersronde waard keatst tusken Marco Hoekstra, Rene Velzen en Tjipke Okkema tsjin Ype Tiemersma, Tymen Dijkstra en Marco Reijnhoudt. Marco endy gongen mei de krânsen nei hûs en wûnen mei 5-2:6-2.

 

Yn de ferliezersronde waard keatst tusken Gep Bakker, Anne Bakker en Klaas Pompstra tsjin Tjeerd Dijkstra, Hans Kooistra en Tom Couperus. Gep, Anne en Klaas wûnen mei 5-2:6-6.

 

 

De manlju C keatsten yn 1 poule, ek hjir wienen 4 partoer fan 2. De finale gong tusken Tjerk Okkema en Tom Veltman tsjin Roel Sijbesma en Han Kooistra. Tjerk en Tom wûnen.

 

 

Froulju A,  dêr wienen 6 partoer fan 2 en waard keatst yn 2 pouls fan 3. De dames ha knap keatst, yn de finale kaam Romine Jelsma en Tineke Kamstra tsjin oer Sietske Okkema en Petra Jellema te stean. Mei 5-3:6-0 wûnen Romine en Tineke.

 

 

Froulju B, ek hjir 6 partoer, 2 fan 3 en 4 fan 2 yn 2 pouls. De finale gong tusken Mattie Dijkstra en Karin Sjaarda tsjin Tettje de Boer, Riemy Kamstra en Yvonne Terpstra. De twa froulju Mattie en Karin wûnen mei 5-3:6-6.

 

 

De jongerein keatsten yn 1 poule  fan 4 partoer. Der waard spannend keatst. Bote Jellema, Jorrit Veldman en Martine Kooistra en Remon Tie Bouma, Foeke Dirk Reitsma en Marianne de  Vries einigen gelyk mei 16 punten, Bote endy hienen de minste tsjinearsten en wûnen dizze partij.



11-12-2011 – HAK Sealkeatsen senioaren

 

De priiswinners fan de A HAK – sealkeatspartij

F.l.n.r. Hendrik Okkema, Mattie Dijkstra, Ype Tiemersma

Martine Tiemersma, Wiepkje Hiemstra en Hans Kooistra

 

.

 

Al jierenlang slúte we it keatsseizoen ôf mei de ledewedstriid yn de seal. Dit jier wie dat op snein 11 desimber, stipe troch A. HAK Infranet B.V. út Swolle.

 

Goed 13.15 oere gie de wedstriid los mei 9 manlju en 9 froulju, ferdielt oer 6 partoer. Mar net earder neidat Sipke noch efen koart de spulrigels ferdúdelike sadat eltsenien dizze wêr efen skerp foar de bril hie.

 

Dat it sealkeatsen in oar spultsje is as op it fjild waard al gau dúdlik. Dit hat fêst ek te krijen mei de sêfte bal want dit joeg betiden prachtig tuskenspul mei geweldige refleksen fan guon keats(-t)ers. Troch de soms lange stuit fan de bal waarden ballen noch helle dy’t al hast telt waarden. It dúken nei in bal waard dan ek regelmjittig sjoen, soms mei in skroeiplak op de knibbel as heup as ‘beleaning’.

 

 

Opfallend wie ek dat eltse omloop san goed oere duorre, wat de útslag ek wie. Nei trije ferskillende listen mei in soad wille en hilaryske mominten koe rún 17 oere de spieren únder de waarme brús ôfspielt wurde en dernei begún wurde oan in gesellige neisit.

 

Nei it optellen fan alle punten wie it Wiepkje Hiemstra dy’t by de C-maten mei ien punt ferskil de twadde priis foar Petra Jellema fuort kaapte. Sy hie 18 earsten foar en Petra 17 wylst beide 11 tsjinearsten hiene.

 

By de B-maten wie it Martine Tiemersma, foarich jier noch winner, dy’t mei 17 earsten foar en 12 tsjin de 2e priis yn ûntfangst nimme mocht.

 

By de A-maten wie it oan it lêst ta spannend. Sawol Tjeerd Dijkstra, Hans Kooistra as Marije Hiemstra makken kâns op de twadde priis. It wie úteinliks Hans dy’t mei 17 earsten foar de twadde priis oerhannige krige. Sawol Marije as Tjeerd kamen ien earst tekoart.

 

 

En wa binne dan de winners fan de lêste krânsen fan it jier sadat it krânseklassemint foar 2011 definityf opmakke wurde kin?

Mei trije ferskillende listen binne dat meastentiids degene dy’t alle trije partijen witte te winnen. En ek hjoed wie dat it gefal. By de C-maten wie it Mattie dy’t nei twa partijen as ienichste beide wûn hie en doe’t sy ek de lêste partij mei har maten wist te winnen krige sy de earste krâns omhongen.

 

By de B-maten gie it selfde ferhaal op foar Hendrik Okkema. Dêrmei ûntpopt hy sich yn de lêste twa ledepartijen fan 2011 dochs wol as de sêftebal spesjalist. Want wa wûn op 11 septimber ek alwer de stipepartij? Precies, dyselfde Hendrik!

 

By de A-maten wiene it Tjeerd en Ype Tiemersma dy’t de earste twa partijen wûnen en it gie dan ek tusken harren. Foar de lêste partij wie it Hendrik dy’t de stiper der efen fyntsjes op attendearre dat in stiper de eigen party dochs net winne kin?

Yn in direkte konfrontaasje wist hy mei syn maten net allinne fan Tjeerd cs. te winnen, en dermei sels de krânse, dêrmei waard it paad nei de krâns foar Ype in stikje makkeliker. Hy wist mei Martine en Wiepkje úteinliks ek de lêste partij te winnen en dêrmei wie de krâns foar him. En wa hie dat tocht neidat hy in pear oeren earder wat minder skerp seag?…

 

Hjirmei sit it seizoen 2011 der wer op en bin ik benijd at 2012 ek san suksesfol keatsseizoen wurdt. Litte we it hoopje!

 

 

Back To Top