Skip to content

Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Nynke Paauw binne mei koach Ype Tiemersma yn Menaam Nederlânsk Kampioen wurden by de famkes kategorie!

 

 

 

 

Easterein wûn de 1e omloop fan Reduzum mei 5-0 6-0. De 2e omloop moasten se tsjin Grou en dat wûnen se mei 3-5 2-6. De 3e omloop stûn Stiens harren op te wachtsjen, mar foar in priis as neat trok Easterein mei 1-5 2-6 oan it langste ein. Doe de heale finale tsjin favoriet Makkum, dit wûnen de froulju mei mar leafst 5-2 6-0. En yn de finale tsjin Dronryp waard it 5-2 6-6. Yn 5 omlopen mar 8 tsjinearsten, petje ôf froulju!

Sneontejûn rûn 18.30 oere wie der in rondrit yn de cabrio troch Easterein en dêrnei koe der in borrel helle wurde yn de Skoalleseize. Op ferskeidene adressen hong de flagge út foar dizze toppers!

Wat binne we grutsk op ús Nederlânske Kampioenen. Nochris fan herte en mar lekker genietsje fan jim súkses!

Back To Top