Yn neitins oan ús keatsfreon Stoffel…
Hommels ferstoarn is Stoffel, aktyf lid en wurdearre frijwilliger fan keatsferiening Easterein.
Stoffel wie in warber lid fan de mienskip en wie tige belutsen by keatsen, fuotbal en fansels ‘syn’ Frysk damjen yn Hartwert. Mar ek wie er in frij man, gie fuort, de natoer yn, faaks om te jeien en te genietsjen fan de moaie wrâld om ús hinne.
Op it keatsfjild yn Easterein de markante karmaster by de grutte wedstriden as de Jong-Feinte. Op syn eigen wize oanwêzich en belutsen by de feriening en minsken.
As we goed lústerje, dan kinne wy syn laits oer it fjild galmjen hearre.
Foarhinne op it fytske nei Hartwert op woansdeis foar it kompetysjekeatsen dêr. Beide ferienings sieten yn syn hert. As keatser de man fan de hege bal efteryn it perk. Hast nea te slaan en as de bal mist waard dan waard dat lûd melden oan it perk.
As tarieding op it 100-jierrich jubileum fan de keatsferiening makke Stoffel diel út fan de jubileumkommisje en hat meiwurke oan it prachtige jubileumboek ‘Bûkelje en boppeslaan’.
Mar ek aktyf by de Federaasje Snits lykas organisator fan de Jeu-de-Pelotekompetysje en dêrby ek aktyf as skiedsrjochter.
We sille him misse. As minsk, as keatser, as frijwilliger, as frij man, mar foaral as Stoffel.
Us meilibjen giet út nei Tine, Tryntsje & Sjoerd Teake, Siebolt & Joran en neiste famylje.
Dei Stoffel…