(Klik op de foto foar in grutter eksimplaar)
9 maaie ha we de Witteveen & Brouwer Partij hân. By de manlju wiene der hjoed in moaie list mei 11 partoer. By de froulju waard der mei de zachte bal keatst. We hiene bij de froulju poule keatsen. Der wiene 2 poulen mei yn elke poule 3 partoeren.
Nei de earste omloop stie der in hearlik kâld buffet foar alle keatsers (oanhang en bern) klear. Dit buffet is stipe troch Couperus, Vellinga, Okkema, v/d Eems en Bos. En fersoarge troch Noflik Easterein. Doe elkenien de bûk wer fol hie koene we wer fjirder keatse.
Bij de Manlju yn de winnersronde wie it partoer fan Erwin de boer, Klaas Kamstra, Thom Veldman it sterkste en ha de earste priis wûn. Twadde bin Rene Velzen, Ype Tiemersma en Jorrit Veldman wurden. It tredde plak wie foar Bote Jellema, Sipke Hiemstra en Tjerk Okkema.
Yn de ferliezersronde binne Robert Sijbesma, Hans Kooistra en Marco Rijpkema der mei de earste priis fan troch gien. It twadde plak wie hjir foar Stefan v/d Weg, Abe Jan Stegenga en Stoffel Bouma.
Bij de froulju koene de âlderen it hjoed net winnen fan de jongerein. Jitske Veldman en Sanne Rixt Jorritsma ha alles wûn en krigen de krâns hjoed. Twadde bin Dian Dijkstra, Arjanne Schaafsma en Yvonne Terpstra wurden.
Al mei al ha we hjoed in moai die hân, mei tank oan ús stiper: Witteveen & Brouwer.