De 1e ledepartij is wer keatst by de jeugd, tradisjoniel is dat de kniplokaeltsje party. Foar sommige bern wie it ek it earste kontakt mei de keatsbal. Oare bern binne al lang yn training en ha al wer in pear wedstriden keatst. De jongste kategoryen begongen om 15 oere en de âldste jeugd om 17 oere. Alle jeugd koe 3 x keatse.
Kabouters
By de kabouters 4 partoer. Partoer 2 Brecht Stegenga en Jarno v/d Weij hiene alle 3 partijen wûn en mochten mei de krâns nei hûs. Partoer 1 hie allinnich fan partoer 2 ferlern dus gongen Sander Velzen en Sybrecht Overal mei de 2e priis nei hûs. En de oare bern Sybrand Stremler, Nynke Velzen, Noa Ottens en Mare v/d Velde krigen noch in medalje om de hals.
Welpen
By de welpen ek 4 partoer. En wat is der leuk en saportyf keatst. Der moast noch wol efkes goed neitocht wurde wa by hokfoar keats opslaan moast. Mar ja, it wie ek wer de 1e party nei it lange winterskoft.
1e priis: Anke Blanksma, Jorn Hiemstra, Tjitske Joustra
2e priis: Nyka Ottens, Nynke Zijlstra
Pupillen
By de pupillen wiene der 6 partoeren. It nije pûlsysteem waard dêr spile mar dan sûnder finale. Ek der waard leuk keatst. Ien partoer hie alle 3 partijen wûn.
1e priis: Redmer Wiersma, Jildert Hiemstra, Marije Zijlstra
2e priis: Redmer Stegenga, Thijs Janssen
3e priis: Judith v/d Weerdt, Niels Hiemstra
3e priis: Tjalle Durk v/d Eems, Tiemen de Groot, Welmoed Stegenga
Skoalbern
By de skoaljeugd en de jonges/famkes elk 4 partoer. Krekt foar 21 oere waard de lêste bal slein wêrnei de prizen útrikt wurde koene.
1e priis: Nynke Paauw, Marrit Hiemstra
2e priis: Bauke Reijnhoudt, Amber Reijnhoudt, Emma Stegenga
Famkes/Jonges
1e priis: Rutger Wiersma, Corrie Kroondijk
2e priis: Kees v/d Horst, Roelie Kroondijk
Wy wolle kapsalon ’t Kniplokaeltsje út Easterein betanke foar it sponseren fan dizze party.
Ek de frijwilligers die ús holpen ha tige tank!!!!
De Jeugdkommisje: Danny, Hans, Klaas, Liesbeth, Fetsje, Annette en Joke