De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.
Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De fjildenman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.
(KLIK op de foto foar in fergrutting!)
By de manlju A waard in list mei 7 partoer ferkeatst. It partoer fan Sybrand v/d Wey, Freerk Terwisscha van Scheltinga en Marten Faber naam it op tsjin Danny Roos, Stephan v/d Weg en Frits Hoekstra. Mei alles oan ‘e hang wiene it ‘Sybrand en dy’ dy’t de winst pakten. Sy kamen op de 2e list Feite de Haan, Tjipke Klaas Okkema en Gerrit Flisijn tsjin. Dizze mannen wiene in maatsje te grut en wûnen de partij mei 5-3 6-4.
Feite, Tjipke Klaas en Gerrit stiene dermei yn ‘e finale tsjinoer de knap keatsende Jelle Scharringa mei syn maten Fokke Jan Kooistra en Meindert Attema. Dizze mannen koene it net risse en wiene út keatst. In soad foutsjes makken dat Feite, Tjipke Klaas en Gerrit mei skjinne fiif earsten en 6-4 de winst pakten yn de A-klasse.
Yn de B-klasse stienen 14 partoer op de list. Dermei 4 prizen foar de winners en 2 foar de ferliezers. Alle partoeren wiene goed oan elkoar weage. Eddy de Boer, Anne Bakker en Marco Hoekstra stiene tsjin Arjan Hallema, Anno Galema en Wietse Fopma op 5 earsten gelyk, 6 gelyk. Eddy moast opslaan en witst mei in knappe sitbal de winst te pakken. Op de twadde list kamen se der net oan te pas en ferlearen fan Rene Velzen, Watse Zeinstra en Christian Hoekstra mei 5-0 6-2.
Op de 2e list stiene ek Simon Dijkstra, Bertus Bootsma en Johan v/d Wal tsjin Tjeerd Dijkstra, Stefan van Krimpen en Jan Weijer te keatsen. Dizze partij waard troch in moai boppeslach troch Bertus beslikke op 5-5, 6-6. Troch ek de winst te pakken op de tredde list kamen Bertus en dy yn ‘e finale te stean tsjinoer Skelte Hofstra, Klaas Kramer en Jan Fokke Mulder.
Dit waard in spannende partij dy’t einige yn 5-4, 6-2 foar it partoer fan Skelte Hofstra. In knappe prestaasje! Yn de finale fan de ferliezersronde stie it partoer fan Gerrit Terpstra, Hendricus Tacoma en Gerrit Evert Tacoma tsjinoer it partoer fan Geert Couperus, Klaas Kamstra en Simon Kingma. In prachtige partij wêrby it lang beide kanten út koe. It partoer fan Gerrit wie úteinlik it sterksten wûn mei 5-4, 6-6.
Yn de C-klasse stienen 4 partoer op ‘e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Ek yn dizze poule it partoer fan de haadstiper fan dizze partij, Tjerk, Hindrik en Tjipke Okkema. Yn ‘e earste omloop wûnen se knap fan Rink Kuipers, Harmen van Gelderen en Thijs Bijma mei 5-2, 6-6.
En ek op de twadde list diene se knap saken tsjin Broer de Jong, Ulco de Boer en Geert Dozeman en wûnen mei 5-2, 6-2. Op de tredde list kamen se tsjin it oerdeeglik keatsende partoer fan Tjeerd de Boer, Roel Sijbesma en Age v/d Goot. Dit koene de Okkema’s krekt net risse en ferlearen mei 5-5, 6-2. Yn de poule waarden Tjeerd, Roel en Age earste en Tjerk, Hindrik en Tjipke twadde.
By de Froulju A ek fjouwer partoer op ‘e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Nei trije omlopen keatsen kaam it sa út dat der twa partoer op 18 foarearsten stiene en 11 tsjinearsten. Om’t dit net sa faak bard, hat it bestjoer de regleminten der op nei slein. Der stiet yn dat dan it ûnderlinge resultaat bepalend is. En om’t Hester Kingma, Gerry Edou Mollema en Gabriele Bouma yn earste omloop mei 5-4, 6-6 wûn hiene fan Lysbet Bakker, Marijke de Boer en Sietske Okkema, wûnen sy de krâns en wiene Lysbet-en-dy knap twadde!
Yn ‘e B-klasse wiene der 12 froulju troch inoar lotte. Ek sy ferkeatsten in poule. It sterkste partoer wie dat fan Mattie Dijkstra, Tettje de Boer en Geeske Couperus. Se ha der flink foar keatse moatten mar mei de measte foarearsten wûnen se.
It partoer fan Sieta Tessemaker, Sanne Rixt Jorritsma en Jeltje Hallema hie 14 foarearsten mar ek 14 tsjinearsten. It partoer fan Petra Jellema, Dieuwke Kooistra en Martine Kooistra hie 14 foarearsten en 13 tsjinearsten. En it partoer fan Arjanne Schaafsma, Marjan Flapper en Iris Bergsma hie 14 foarearsten en 12 tsjinearsten. Se waarden dermei twadde.
En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!
Manlju A frije formaasje | ||
1e priis | 2e priis | |
Feite de Haan | Fokke Jan Kooistra | |
Tjipke Klaas Okkema | Meindert Attema | |
Gerrit Flisijn | Jelle Scharringa | |
Manlju B frije formaasje | ||
1e priis | 2e priis | 3e priis |
Skelte Hofstra | Simon Dijkstra | Bokke v/d Brug |
Klaas Kramer | Bertus Bootsma | Lieuwe Jan v/d Brug |
Jan Fokke Mulder | Johan v/d Wal | 3e priis |
Rene Velzen | ||
Watse Zeinstra | ||
Christian Hoekstra | ||
Manlju C frije formaasje | ||
1e priis | 2e priis | |
Tjeerd de Boer | Tjipke Okkema | |
Roel Sijbesma | Tjerk Okkema | |
Age v/d Goot | Hindrik Okkema | |
Froulju A frije formaasje | ||
1e priis | 2e priis | |
Hester Kingma | Lysbet Bakker | |
Gerry Edou Mollema | Marijke de Boer | |
Gabriele Bouma | Sietske Okkema | |
Froulju B t.i.l. | ||
1e priis | 2e priis | |
Mattie Dijkstra | Arjanne Schaafsma | |
Tettje de Boer | Marjan Flapper | |
Geeske Couperus | Iris Bergsma |