Ôfrûne snein wie de Bangmapartij yn Weidum. Foar Easterein stiene Dirk-Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra en Bauke Dijkstra op ‘e list. Sy mochten it de earste omrin opnimme tsjin it partoer fan Peins mei de keatsers Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten. De winst giet nei Easterein wannear Menno op 5-5 6-2 de tredde bal bûten de linen slacht.
De twadde omrin wurd keatst tsjin it partoer fan St. Annaparochie mei Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jacob Wassenaar. (“In keatsrelaasje makket dizze partij bysûnder..”). Easterein komt 0-2 efter mar fynt wer oanslúting en komt op 1-2. It wurdt 1-3 foar St. Anne as Easterein kwea útslacht op 4-6, mar wie de bal wol kwea…? De oanslúting wurd fêsthoden en it wurd 2-3. St. Anne komt wer in spul foar as Dirk-Yde it perk mist. It is in drege omrin foar Easterein en troch in misser oan de opslach komt St. Anne op 2-5 foarsprong. Uteinlik is der de ommekear. Easterein pakt it tredde earst en troch in ferskuorrend goed opsleine bal fan Dirk-Yde op 6-6 bliuwt Easterein by en komt op 4-5. It wurd 5 earsten gelyk as Pytrik de bal boppe slacht. Yn it lêste earst komt Easterein foar mei 6-0. Dan mist Dirk-Yde twa kear it perk mar de lêste opslach wurd net ferwurke troch Jacob. Easterein wint!
Yn de tredde omrin treft Easterein it partoer fan Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar). Tsjummearum mei it altyd degelik keatsende partoer hat dizze kear net folle yn te bringen tsjin de mannen fan Easterein. De partij wurd wûn troch Dirk-Yde, Pytrik en Bauke mei 1-5 2-6. De heale finale is berikt!
Goutum hat in sterk partoer mei Hendrik Tolsma oan de opslach en Cornelis Terpstra en Daniël Iseger yn it perk. Mei in boppeslach fan Bauke op 2-2 6-6 komt Easterein in buordsje foar mei 2-3 tsjin Goutum. It wurd 3-3 en dizze partij smyt in finaleplak op as in fjirde priis. It stiet 5-4 4-2 foar Goutum en der lizze twa lytse keatsen, Easterein mei nei it perk. De earste keats wurd pakt troch Goutum, 5-4 6-2. Op in stân fan 5-4 6-4 stiet Dirk-Yde oan de opslach en kin spitich genôch net foar de 6-6 soargje. Goutum wint de partij en wint úteinlik ek de finale fan Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.
De ynwenners fan Easterein kinne hoe dan ek trots wêze op de mannen Dirk-Yde, Pytrik en Bauke. Sy ha derfoar soargje dat it seizoen fleanend starten is mei in moaie fjirde priis!
Hjir noch efkes de útslaggen op in rychje:
1e omrin | Peins – Easterein | 5-5:4-6 |
2e omrin | Easterein – St. Anne | 5-5:6-6 |
3e omrin | Tsjummearum – Easterein | 1-5:2-6 |
4e omrin | Goutum – Easterein | 5-4:6-4 |