Skip to content

Nij inisjatyf: de spilersbus fan Easterein!


In spilersbus. Guon sille fêst tinke dat soks allinich by sporten as it fuotbal foarkomt. Mar nee hear, ék de keatssport is folweardich genôch foar in spilersbus! Sa as jimme miskien folge ha de ôfrûne wiken geane der wikeins nochal wat Eastereiner keatsfroulju op paad: 9 stiks om presys te wêzen! De nammen efkes op in rychje: Jelien, Anke, Imke, Sietske, Tineke, Marije, Martine, Gabriële, Marijke en net te ferjitten ús Wommelser en Doanjumer/Grinser talinten: Judy en Marie-Jetske. En ja, wêrom sille wy elts apart nei de keatsdoarpen taride wannear’t wy de mooglikheid krije om mei syn allen yn 1 auto te ‘carpoolen’. De pick-up fan Leanbedriuw Okkema waard beskikber stelt en mei Sietske achter it stjoer komme wy oeral!

Hjirûnder in foto fan ôfrûne wikein:

Back To Top