Under simmerske waarsomstannigheden hiene we hjoed de skoaljonges op besite yn Easterein.
Om 11 oere wie it earst de beurt oan de 23 ôfdielingspartoeren om in plak yn de 2e omloop te bemachtigjen. Foar de
ferliezers wie der de mooglikheid om yn de opstapronde oan te slúten. Uteins hiene we nei de 1e omloop ôfdieling noch 13 twatallen oer yn de opstap t.i.l..
By de ôfdielingspartoeren hie Bitgum (Thom Dijkstra, Sjouke Beimers, Leon Wijning) in steand nûmer yn de heale finale. Niawier-Metslawier-Easternijtsjerk (Jan Bandstra, Jelmer Torensma) en Dronryp (Jorrit Nanninga, Rutger Kumbangsila, Rick Minnesma) makken der in wiere striid fan yn de heale finale wêryn Dronryp wûn mei 5-4/6-6. Hjirmei in 3e priis foar Niawier-Metslawier-Easternijtsjerk en in finaleplak foar Dronryp. Nei in lange, mar moaie keatsdei wie de finale in proai foar Dronryp, sy wûnen mei 5-3/6-0.
De 1e heale finale yn de opstap gie tusken Menno Johnson (Harns), Matthijs Renema (Hommerts) en Hylke Talsma (Achlum), Jildert Wijbenga (Arum). Hylke en Jildert wûnen mei 5-3/6-4. Jan Johannes van der Kamp (Nijlân), Pieter den Breejen (Arum) stiene yn de oare heale finale tsjinoer Jan Tymen Eisma (Frjentsjer), Wesley van der Vaart (Minnertsgea). Nei winst mei 5-4/6-2 behellen Jan Tymen en Wesley it oare plak yn de finale.
Jan Tymen en Wesley wiene krekt in maatsje te grut yn de finale tsjin Hylke en Jildert sjoen de sifers 5-2/6-0.
Lokwinske oan alle priiswinners!
Grutte tank oan ús frijwilligers en de âlders foar it karmasterjen!
Priiswinners ôfdieling
1e priis
Dronryp
Jorrit Nanninga, Rutger Kumbangsila, Rick Minnesma
2e priis
Bitgum
Thom Dijkstra, Sjouke Beimers, Leon Wijning
3e priis
Niawier-Metslawier-Easternijtsjerk
Jan Bandstra, Jelmer Torensma
Priiswinners opstap/t.i.l.
1e priis
Jan Tymen Eisma (Frjentsjer)
Wesley van der Vaart (Minnertsgea)
2e priis
Hylke Talsma (Achlum)
Jildert Wijbenga (Arum)
3e priis
Jan Johannes van der Kamp (Nijlân)
Pieter den Breejen (Arum)
3e priis
Menno Johnson (Harns)
Matthijs Renema (Hommerts)