Ferslach lede-partij 21-05-2017

Under prachtige waarsomstannigheden hiene we hjoed in lede-partij foar de
senioaren.

Helaas wie der net al te folle opjefte, mar dat mocht de pret beslist net drukke. It
wie in gesellige keatserij! De manlju (én Judy Bergsma) keatsten yn twa –en
trijetallen yn 2 poules fan 3 partoeren. De froulju keatsten mei de sêfte bal yn trije
twatallen.

 

By de manlju it saneamde Snitser systeem, wêrby poule A tsjin poule B keatste. Nei
3 omlopen foelen de 2 bêste partoeren kwa foarearsten yn de prizen. De krânsen
wiene foar Peter Stuiver, Abe Jan Stegenga en Eppie Heins (3x winst). De 2e priis
wie foar Douwe Durk Reitsma en Judy Bergsma, sy ferlearen harren earste
wedstriid mar de oare twa koene se winnend ôfslúte. Ek Hans Kooistra en Tom
Couperus hiene 2 wedstriden wûn en hiene itselde oantal foarearsten sadat de
tsjinearsten de beslissing brochten yn it foardiel fan Douwe Durk en Judy, sy hiene
11 tsjinearsten en Hans en Tom 13 tsjinearsten.

 

De 3e omloop by de froulju gie tusken Petra Jellema, Yvonne Terpstra en Sieta
Tessemaker, Klaske Plantinga. Beide partoeren hiene harren earste wedstriid
wûn. Nei in spannende striid giene de krânsen nei Sieta en Klaske. Sy wûnen mei
5-4/6-6.
  

1e priis manlju
Peter Stuiver
Abe Jan Stegenga
Eppie Heins

2e priis manlju
Douwe Durk Reitsma
Judy Bergsma

1e priis froulju
Sieta Tessemaker
Klaske Plantinga

 

 

 

Om goed 17.30 oere koene de prizen útrikt wurde troch Wilma (mei hulp fan Karin
en Femke) en koe elts noch efkes lekker genietsje fan it sintsje en in hapke en
drankje.

Tank oan elts foar de hulp foar, tidens en nei de wedstriid! En fansels tank oan alle
stipers fan de KF!