Tsjin 12:00 oere melde de keatsers harren om sich fanmidje yn it swit te jaaien.. Foardat we los geane mei it keatsen wie der earst noch in foto moment om mei syn allen de nije ôfdielingsshirts fêst te lizzen troch Henk Bootsma. It wie in geselliche drokte op it terras mei alle jonger en âlderein troch elkoar hinne. 12:00 hjere we los te gean, mar sa as sa faak slagget dat ús yn Easterein net altiid. Rûn 12:20 oere wurdt de wedstriid iepene en 10 min letter kinne de keatsers wol los. Bij sawol de manlju as de froulju wurdt in list fan 6 partoer ôfwurke fia it “Sneker systeem”. Alle keatsers kinne hjirtroch mooi 3 omlopen keatse.
Manlju:
De manlju hiene der nocht yn en hôlden de gang der aardich yn. It advies om goed te drinken hawwe se goed opslein, want goed 16:15 oere binne de trije omlopen al ferkeatst en kin de neisit al begjinne. Op it terras yn it skaad kin der ûnder it genot fan in drankje noch mooi in omloop genoten wurde fan it frouljus keatsen, want dér waard noch om raak striiden. Nei twa omlopen ferkeatst te hawwen wiend der twa partoer die beiden twa omlopen wûn hiene, hoe mooi kaam de lotting út dat ek disse twa partoeren de tredde omloop tsjin elkoar moasten. In echte finale dus. It partoer fan Julian Faber, Abe Jan Stegenga en Tjerk Okkema hie gjin meilijen en liet dúdelik sjen dat sy de besten wiene hjoed. Sy wûnnen de tredde omloop tsjin Rémon Tie Bouma, Jelle de Boer en Bas van der Weij mei 5-2 en 6-2 en dérmei de winners fan’e dei.
Priiswinners:
1e priis: Julian Faber, Abe Jan Stegenga en Tjerk Okkema
2e priis: Rémon Tie Bouma, Jelle de Boer en Bas van der Weij
Froulju:
Ek de froulju hiene der nocht yn. Dér wér’t de manlju koarte metten mei de tsjinstanners makken, wiene hjir de ûnderlinge ferskillen in stik lytser. Lange partijen, ferskillen ticht by elkoar, it makke der in prachtig mooie striid fan, mar it wie ek fuort in “oanslach” foar sommigen mei die hitte der by… Extra drinkpauzes wiene soms nedich, wat wolle je ek as bijna alles op 5-5 en 5-4 ferkeats wurdt. Dér wér de manlju al goed 16:15 klear wiene, duorre it bij de froulju noch in dik oere extra. 17:30 oere ûngefear waard de lêtste slag slein en kinne ek sy it terras op. Ek by de froulju wiene der nei twa omlopen twa partoer welke beiden alles wûn hiene. Partoer 5 en 6. Striide om de krânse. De tredde omloop beiden in oare tsjistanner, dus mar 1 opdrach en dat is sa folle as mogelik earsten pakke. Partoer 6, Jildou Couperus en Judith van der Weerd diene wat se dwaan moasten , winne!!! Al wie dit wol dreech, ek disse omloop wie it 5-4. mei 6-0 wisten sy it lêtste en winnende earst ek te pakken. Partoer 5, Judy Bergsma en Nynke Paauw hieden it ek dreech, sy wisten de tredde omloop krekt net oer de streep te lûken en ferlearen mei 5-4 en 6-2. Hjirtoch wie de krânse foar Jildou en Judith.
Priiswinners:
1e priis: Jildou Couperus en Judith van der Weerdt
2e priis: Judy Bergsma en Nynke Paauw