In partij op freedtejûn like ús wol wat; miskien mear dielname sadat elts net in hiele sneon as snein ûnder de pannen is op it keatsfjild. Mar helaas, de opkomst wie net grut: 18 keats(t)ers.
Dêrom de manlju en froulju troch inoar lotte sadat der dochs noch 3 ferskillende listen komme koene. It mocht de pret net drukke, sommige keats(t)ers flamden fannejûn en oare keatsers hiene it wat dreger. Mar al mei al in sportieve keatserij mei soms tige flotte partijen. It like wol as wiene de mannen wat ûnder de yndruk fan de goed keatsende froulju ;-).
Mattie en Wilma hiene betocht om alle wedstriden mei in earst gelyk te begjinnen om seker te wêzen dat de keatserij foar donker klear wêze soe. No dat slagge maklik! De keats(t)ers ha goed lústere… (seine se sels). Want om goed 21.30 oere koene de prizen al útrikt wurde.
Fansels wer tank oan de stipersgroep fan KF Easterein foar it mei mooglik meitsjen fan dizze partij! En tank oan de keats(t)ers foar it flotte meihelpen kwa opromjen fan it fjild, it wurdt tige wardeare!
De prizen waarden as folgt ferdield:
A maten
1e priis: Robert Sijbesma (21 foar-5 tsjin)
2e priis: Bote Jellema (21 foar-7 tsjin)
B maten
1e priis: Judy Bergsma (21 foar-5 tsjin)
2e priis: Sipke Hiemstra (16 foar-15 tsjin)
C maten
1e priis: Eefje Hiemstra (21 foar-7 tsjin)
2e priis: Gep Bakker (18 foar-8 tsjin)