Skip to content
De dei begûn wat kâld, mar al gau kaam de sinne gelokkich troch de grize loft hinne. In moaie dei om te keatsen.
Nei in iepeningswurdsje fan ús foarsitter, gong de earste omloop fan start mei sa’n 40 keatsers, 14 partoer in totaal. Der waarden 3 omlopen ferkeatst, eltse kear yn in oare samenstelling. Troch wat blessures moasten de partoeren hjir en dêr noch wol wat oanpasse wurde. Mar de gelearden hiene dat snel oplost. Tidens de omlopen wiene der leuke stroaiprizen te winnen, foar bygeliks in boppeslach of in sitbal. Jelmer Hazenberg wûn de measte prizen, hy wist it faakst op de goeie momenten de opdracht út te fieren. It wie moai om te sjen hoe jong mei âld keatste én hoe jong tsjin âld keatste. Nei trije omlopen waard it tiid foar de útslach. Foar eltse kategory wiene der 4 individuele prizen fan de bakker:
Priis/Klasse A B C
1e Rémon Tie Bouma Durk Haringsma Wietse Ligthart
2e Bote Jellema Pieter Porte Mattie Dijkstra
3e Robert Sijbesma Jorrit Veldman Talitha Dijkstra
4e Julian Faber Tymen Dijkstra Klaske Plantinga
Ek de kompetysje winers 2021 waarden yn it sintsje setten. By de manlju wienen dat:
1. Roel Sijbesma
2. Durk Haringsma
3. Jelmer Hazenberg
By de froulju wienen dat:
1. Petra Jellema
2. Wiepkje Sijbesma-Hiemstra
3. Jitske Plantinga
As keatser fan it jier waard Wilma Sjaarda keazen.
Nei de priisútrikking waard de bbq oanstutsen. Der waard hearlijk fleis foar ús klearmakke troch de kok Michel en syn goeie hulp Chris. Mei dêrby moai opmakke salades en stokbôle.
Al mei al in moaie ôfslúter fan it keatsseisoen 2021 op it fjild.
Back To Top