Snein 9 july wie, yn gearwurking mei tennisferiening Smash, de teatswedstriid.
Mei 6 pertoer binne we om 14.00 oere los gien.
Mei in racket keatse, en dan foaral opslaan, foel foar guon net altyd mei. Der waard dan ek wol gauris bûtenslein.
De bal mocht ek net yn ien keer boppe slein wurde en at je it racket efter de bal oangoaiden om toch de bal noch te kearen wiene je de punten ek kwyt.
Mei it moaie simmerwaar waard it in hiele moaie sportyfe middei. Der waarden trije listen ferkeatst wat betsjutte dat je eltse kear in oare maat hiene.
Nei dizze trije listen waarden de punten opteld en wiene de priiswinners bekind.
A klasse
1e priis: Marten Faber
2e priis: Anne Marije de Jager
B klasse
1e priis: Jan Bauke Bouma
2e priis: Petra Jellema
De ‘Poedelpriis’ wie foar Jacqueline Buma en Sieta Tessamaker.
De tennisferiening hie dit kear de prizen fersoarge, wêrfoar noch hertlik tank!