Skip to content

De 3e ronde fan de Greidhoekekompetysje is ferkeatst. Yn Easterlittens kamen Mantgum en Easterein op besite. Yn Mantgum by de 1e ronde wie it kâld en hurde wyn en sa’n 8 graden. In wike letter yn Easterein stralend waar en rjochting de 28 graden.

 

Hjoed yn Easterlittens begûn de partij tusken Easterlittens en Mantgum mei in bytsje rein, mar it begûn hieltyd hurder te reinen. Mar doe de Eastereinder partoeren it fjild opkamen sei Ype al, we ha de sinne meinaam! Tafal?

 

20120530 GRK1 

Easterlittens – Mantgum 2-1

 

By de froulju is de winst foar Ilse Noorman en Baukje Stienstra. HJa nimme samar in 1-5 foarsprong tsjin Afke Hoitinga, Jantine Reijenga en Marjan vd Wal. Mar as Mantgum op 6-6 bûten slacht komt Littens op in spul. En ek de 3 earsten krije se noch, mar op 4-6 slacht Littens de bal bûten.

 

De junioaren fan Easterlittens (Ruben BOnhof, Erwin en Simon Zijlstra) wienen in maatsje te grut foar Mantgum (Johannes Muller, Jasper Visser en Sjoerd Lantinga), 5-0:6-6.

 

De manlju fan Easterlittens (Jochum Bouma, Jelle Jan Rodenhuis, René Faber) komme efter mei 2-3 tsjin Mantgum (Wilco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard De Graaf), mar as Mantgum de lytse keats op 6-6 net pakt, dan wurdt it 3-3. Dêrnei nimt Easterlittens it oer en rinne út nei 5-3. Op 6-2 is de winst dêr ek as Mantgum de keats wer net pakt.

 

 

20120530 GRK2

Easterlittens – Easterein 0-3

 

Foar Easterein keatse Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra. Ek dizze froulju komme samar op in 1-5 foarsprong troch in oantal boppeslaggen en in goede opslach. It earste buordsje wie trouwens wol foar Easterlittens, troch bûtenslaggen fan Easterein. Mar lykas tsjin Mantgum witte de froulju fan Easterlittens ek tsjin Easterein noch twa earsten te pakken. Op 3-5:0-6 is it Tineke dy yn it tuskenspul soarget dat de keats foarby slein wurdt en de winst is binne.

 

De junioaren binne as lêste út en litte in prachtige partij sjen! Foar Easterein keatst it twatal Danny Roos en Stefan vd Weg. De opslach fan beide mannen is goed fersoarge, mar dêr tsjinoer stiet Simon dy ek poerbêst opslacht.

Easterein komt mei 5-2 efter, mar mei in sitbal fan Danny op 6-6 bliuwe we yn i tspul. Ek de útslach fan Easterein begjint better te rinnen en by Easterlittens slagget net alles goed mear. Mei wer in sitbal fan Danny op 4-6 wurdt it sels 5-4.

As Simon dan op 4-6 de bal bûten slacht binne de partoeren wer yn lykwicht. It lêste earst giet oant 4-4 lyk op. Easterein hâldt de keats en it is 4-6. Nei in 5-2 efterstân steane we no op winst! Stefan slacht de keats foarby op dy stân en Easterein wint. Knap dien mannen!

 

Ek de manlju fan Easterein (Syb Overal, Marten Faber en Sybrand vd Wey) komme earst efter mei 3-1. As Littens de bal kwea útslach op 2-6 ha we wer oanslúting. Wer op 2-6 sl;acht Jelle Jan de bal bùten en we steane wer gelyk.

Easterein nimt de partij oer en rint nei in 3-5 foarsprong. Mar op 6-6 pakt Easterlittens de twa spul en ek de 5 earsten as JOcum de bal foar de keats slacht. Op 4-6 kin Syb de partij útmeitsje, mar der bliuwt in lyts keats oer. Mar nei de bûtenslach fan Jelle Jan is de winst doch foar Easterein!

 

 

St Anne – Wommels 3-0 (Wommels komt net opdagen)

We ha begrepen dat der gjin partoeren fan Wommels nei St Anne reizge binne. Dat is fansels tige spitich. We gean der efkes fan út dat soks ta in 3-0 winst lade sil foar St Anne.

 

 

St Anne – Bitgum 2-1

Ek hjir komt in partoer net op it fjild en dan binne de junioaren fan Bitgum. Sa winne de junioaren fan St Anne dan ek dizze partij mei 5-0:6-0.

De froulju fan St Anne winne mei 5-3:6-6 fan Bitgum

De manlju fan St Anne ferlieze mei 5-5:2-6 fan Bitgum

Back To Top