Skip to content

Wat in super prestaasje hjoed fan Imke van der Leest mei har maten Sjanet Wijnia en Louise Krol: winst op de PC!

 

Louise, Sjanet (keninginne) en Imke út de skroeven!

 

Yn de 1e omloop wûnen se, nei in tige spannende partij, mei ‘alles oan de hang’ fan Joukje Kuperus, Maaike Osinga en Iris van der Veen. Nei in 5-3 efterstân lutsen Imke en dy dochs oan it langste ein.

 

It favoriete partoer fan Ilse Tuinenga, Manon Scheepstra en Wiljo Sijbrandy wie de tsjinstanner yn de 2e omloop. Nei wer in spannende striid wûnen Imke c.s. dizze partij mei 5-4/6-0. Nei in foarsprong fan 3-1 en 5-3 kamen Ilse c.s. werom tot 5-5. Mar lokkich wisten Imke c.s. yn it lêste earst koarte metten te meitsjen en pakten se dit earst mei 6-0.

 

Yn de heale finale kamen se tsjinoer Anna-Brecht Bruinsma, Mariska Hoogland en Melissa Rianne Hiemstra te stean, Nei in iensidige en koarte partij wûnen Imke en dy mei 5-0/6-0.

 

De finale tsjin Marije van der Meer, Klasine Huistra en Annelien Broersma gie earst lyk op, mar nei in lytse efterstân fan 1-2 rûnen Imke, Louise en Sjanet út nei 5-2/6-4 en wie de winst op de frouju’s PC 2017 in feit.

 

 

Op de skouders!

 

Fan herte lokwinske froulju!!

 

Moarn (24 augustus) wurde de froulju huldige yn it wenplak fan de keninginne. Allegear dus nei Wommels! Rûn  20.30 oere is der in rûnrit troch it doarp en dêrnei de huldiging yn de keatskantine fan KF Wommels.

 

It kompetysje-keatsen is moarn foar de Eastereiner leden yn Wommels. Om 19.15 oere opjaan op it fjild, dêrnei wurde de partoeren yndield. Earst dêr efkes in baltsje slaan en dêrnei nei de huldiging fan de froulju!

Back To Top