Skip to content

Jong-Feinte – 1e omloop

 

Snelle en spannende partijen. We hiene fan alles wat yn de earste omloop. Seisbierrum-Pietersbierum 1 en Boalsert geane frij maklik troch nei de twadde list troch 5-0 winst op harren tsjinstanners (Wjelsryp en Wommels 1). Easterein koe it net rêde tsjin it sterke St. Anne. Op 1-3 6-6 wie der in kâns om oanslúting te finen, mar dit slagge net. Fanôf dizze 1-4 foarsprong gong it hurd en wie dêr winst foar St. Anne op 1-5 0-6.

 2013-07-24 11.25.10 Small

Debutant Gaast-Ferwâlde ferliest fan Frjentsjer 2 mei 5-2 6-0. By Frjentsjer 2 keatst Jan Hof mei dy’t yn 2011 de Jong-Feinte Partij wûn mei Patrick Scheepstra en Erik de Groot. By Berltsum tsjin Bitgum wie it tige spannend. Op 2-4 6-6 slacht Tsjisse de bal foar en it wurdt 3-4. Hy makket it letter yn ‘e partij wer goed troch in sitbal te slaan op 4-4 6-6. It wurdt úteinlik 5-5 2-6 en Bitgum wint troch in kweaslach fan Berltsum op dizze stân.

 2013-07-24 11.28.31 Small

In oare debutant, Jorwert, ferliest mei 0-5 4-6 fan Dronryp 2. Dronryp 1 tsjin Easterlittens is freselik spannend. It wurdt 5-5 6-2 foar Dronryp troch trije ballen bûten fan Easterlittens. Der komt in keats en Easterlittens wit de bal oant twa kear ta oer de boppe te slaan: 5-5 6-6. Dan komt der in dikke keats by de boppe foar Easterlittens en se witte dizze keats te behâlden. Easterlittens wint nei in 5-2 êfterstân.

 2013-07-24 12.25.27 Small

Arnold Zijlstra, ferline jier winner mei Tsjummearum, mocht dit jier foar de lêste kear oantrede op de Jong-Feinte Partij. Se ferlearen mei 5-3 6-4 fan Arum. St. Jakob wint mei 1-5 2-6 fan Achlum en pleatst sich foar de twadde list. De tredde debutant, Jelsum-Koarnjum-Britsum, wint mei 0-5 6-6 fan Wommels 2. Menaem komt op de tredde list mei in steand nûmer, troch winst op Lollum-Waaksens mei 5-1 6-4.

 2013-07-24 12.34.21 Small

 

1e omloop                  
1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 2) Wjelsryp 5 0 : 6 6
3) Wommels 1 4) Boalsert 0 5 : 0 6
3) Easterein 6) St Anne 1 5 : 0 6
7) Frjentsjer 2 8) Gaast-Ferwâlde 5 2 : 6 0
9) Berltsum 10) Bitgum 5 5 : 2 6
11) Wytmarsum 12) Frjentsjer 1 1 5 : 2 6
13) Jorwert 14) Dronryp 2 0 5 : 4 6
15) Donryp 1 16) Easterlittens 5 5 : 6 8
17) Arum 18) Tsjummearum 5 3 : 6 4
19) Achlum 20) St Jakob 1 5 : 2 6
21) Wommels 2 22) Jelsum-Koarnjum-Britsum 0 5 : 6 6
23) Menaem 24) Lollum-Waaksens 5 1 : 6 4
25) Seisbierrum-Pietersbierum 2                  

 

 

 

 

Back To Top