Ferslaggen
1. Easterein – 3. Frjentsjer 1
Easterein pakt it earste buordsje troch in retourslach fan Doede-Rients. Nei in skjin earst komt Frjentsjer op 1-1. Frjentsjer komt op 1-2 nei in sitbal fan Allard op Marco.
Nei in boppeslach fan Jan komt Easterein wer gelyk. Frjentsjer pakt op 2-2 6-6 in 2-3 foarsprong oan de opslach. Easterein ferspilet in 6-2 foarsprong mei 3 bûtenslaggen, 2-4 foar Frjentsjer.
Easterein komt sterk werom mei in skjin earst en makket 3-4. Frjentsjer is der efkes mei oan as Jan mei in boppeslach fjouwer earsten gelyk makket. Djurre komt yn it perk foar Marco.
Easterein begjint wat te knoeien mei de opslach en op 4-4 4-6 slacht Doede Rients de bal bûten. Yn it lêste earst komt Frjentsjer mei 0-6 foar en slacht Allard by 1 keats in sitbal.
6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 8. Ie
Op 6-4 pakt Ie oan de opslach de keats en makket 6-6. De folgende bal giet bûten en it earste buordsje is foar Seisbierrum-Pitersbierrum.
Seisbierrum-Pitersbierum rint út nei in 3-0 foarsprong. Ie keatst leuk troch mar hat it dreech. Op 3-0 6-4 en in keats bringt Ie de bal bûten en sa wurdt it 4-0.
Op 5-0 4-6 makket Ie kâns op harren earste buordsje, mar de bal giet bûten en it wurdt seis gelyk. Op 5-0 6-6 en in lytse keats giet de bal bûten en pakt Ie toch it earste buordsje.
It is 5-1 4-6 pakt Seisbierrum-Pitersbierrum de keats en makket 6-6. Se meitsje it ferfolgens út mei in boppeslach.
9. Dronryp – 12. Grou
In striid tusken twa jonge partoeren. Dronryp hat alle edysjes noch meidien. Grou set goed út ein en nimt in 1-3 foarsprong. Op seis gelyk slacht Grou de bal kwea út en wurdt it 2-3.
Op 2-3 6-4 hat Grou de bal oan ‘e bealch en stiet it wer gelyk. Dronryp nimt in foarsprong fan 4-3, mar Grou pakt ek de fjouwer earsten. It wurdt sels fiif earsten gelyk en Dronryp komt op 6-2 foar.
Dronryp makket it op 5-5 6-4 út troch in sitbal achteryn en giet nei de tredde list.
13. Makkum – 15. Tsjummearrum
It earste buordsje is foar Makkum. Moai tuskenspul soarget foar in stân fan 2-1 4-4 en yn dit earst wurdt it úteinlik 2-2. It giet gelyk op en op 2-2 4-4 en twa keatsen is de earste keats foar Makkum.
Tsjummearum pakt de twadde keats en it wurdt 6-6. Op 2-2 6-6 en in keats bringt Makkum de bal nei it perk mar de bal giet bûten. 2-3 foar Tsjummearum.
Makkum pakt 2-3 4-6 pakt Tsjummearum troch in retourslach in 2-4 foarsprong. Op 2-4 2-6 komt der in keats en mei prachtich tuskenspul pakt Tsjummearum in 2-5 foarsprong.
Op 2-5 2-6 en in keats makket Tsjummearum it út en is troch nei de tredde list.
18. St Jabik – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1
Seisbierrum-Pitersbierrum 1 komt snel op in spul foarsprong tsjin St Jabik. Yn it folgende earst wurdt der om keatst, mar ek it tredde buordsje is foar Seisbierrum-Pitersbierrum.
Op 0-3 0-6 slacht Pieter v/d Schoot de bal boppe en dêrmei komt Seisbierrum-Pitersbierrum op in skjinne 4 earsten foarsprong. Se rinne troch nei in 0-5 foarsprong.
Yn it lêste earst wurd it 5-0 6-4 en de keats wurdt pakt troch St Jabik. Op 5-0 6-6 eindigt it en Seisbierrum-Pitersbierrum 1 is troch nei de tredde list.
21. Berltsum 1 – 23. Minnertsgea 1
Op 3-0 6-0 bringt Minnertsgea de bal foar en sa komt Berltsum op in skjinne 4 earsten foarsprong. Op 4-0 6-6 bringt Minnertsgea de bal nei it perk en der komt in keats.
Berltsum bringt de bal bûten en sa krijt Minnertsgea it earste buordsje, 4-1. Beide partoeren pakke elts noch in buordsje en it wurdt 5-2.
Op 5-2 2-6 en in keats bringt Berltsum de bal nei it perk en Minnertsgea slacht de keats foarby. De bal giet bûten op 5-2 4-6 en Minnertsgea pakt de trije buorden.
Berltsum komt in skjin earst foar en moat dan in keats ferdedigje en docht dat goed. Troch dizze winst mei 5-3 6-0 komt Berltsum foar it earst yn de prizen.
Utslaggen
1. Easterein – 3. Frjentsjer 1 | 4-5:0-6 |
6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 8. Ie | 5-1:6-6 |
9. Dronryp – 12. Grou | 5-5:6-4 |
13. Makkum – 15. Tsjummearrum | 2-5:2-6 |
18. St Jakob – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 | 0-5:6-6 |
21. Berltsum 1 – 23. Minnertsgea 1 | 5-3:6-0 |