It Pinksterwykein stiet tradisjoneel it pearke-keatsen en it NK senioaren op it programma. Mar dêrneist fansels ek wer in protte oare wedstriden wêrby’t de Eastereiner keats(t)ers harren wer sjen litten ha.
Bygeand in oersjoch fan de priiswinners fan it ôfrûne wykein dy’t begie mei it skoalkeatsen en de federaasjewedstriid yn Easterein.
2 JUNY
Winsum, skoalkeatsen
1e priis famkes: Liset Sijbesma, Judith v/d Weerd, Marije Zijlstra
1e priis A klasse jonges: Jelmer Brouwer, Redmer Wiersma, Redmer Stegenga
1e priis B klasse jonges: Niels Hiemstra, Arjan Stremler, Tijmen de Groot
Easterein, federaasjepartij jeugd
1e priis welpen: Brecht Stegenga
1e priis pupillen: Jesper Paauw
2e priis pupillen: Ridzert Veldman
2e priis skoalfamkes: Nynke Paauw
1e priis jonges/famkes: Jeska Terpstra en Julia Paauw
1e priis ferl.: Kees v/d Horst en Alien Dijkstra
3 JUNY
Wommels, famkes, ôfdieling
2e priis: Roelie Kroondijk, Jeska Terpstra, Selma de Boer
Kommende sneon (10 juny) stride boppesteande fammen en harren coaches Ype en Danny op it NK yn Makkum. Alfêst sukses!! Supporters binne fansels wolkom! It begiet yn Makkum om 10.00 oere.
Ek sneon it NK foar de jonges, yn Wergea (oanfang 10.00 oere). Foar Easterein dogge Rutger Wiersma en Bauke Reijnhoudt mei (fêste wearde Kees v/d Horst kin der helaas net by wêze yn ferbân mei in eksamen). Jim ek in soad sukses!
4 JUNY
Jorwert, froulju haadklasse, t.i.l.
2e priis: Imke v/d Leest
5 JUNY
Frjentsjer, NK manlju
Dirk-Yde Sjaarda, Jan Schurer en Bauke Dijkstra wiene de striders fan Easterein hjoed op it NK yn Frjentsjer. De 1e omloop wûnen sy fan Menaam mei 5-2/6-2. Yn de 2e omloop ferlearen sy fan, de lettere winner, Ljouwert mei de sifers 5-2/6-2.