Skip to content

It keatswykein begjint al op woansdei mei de tradisjonele Takomstpartij yn Easterbierum. Sneons de Nederlânske Kampioenskippen fan de froulju en fan de manlju 50. En ek sneon de Bos-partij yn Easterein foar de jongerein.

 

 

Woansdei 3 july

 

KNKB

 

Easterbierum – Takomstpartij jonges en famkes

20130703 Takomstpartij

Op de takomstpartij stie allinnich Doede Rients Okkema fan Easterein op de list. En lit hy no ek krekt mei syn maten Mart van der Molen fan Wytmarsum en Laas Pieter van Straten fan Feinsum de krânsen winne!

 

 


 

Sneon 6 july

 

KNKB

 

St Nyk en Jorwert – Nederlânske kampioenskippen (50+ en Froulju)

Sjoch it nijsberjocht KNKB: NK Froulju en 50+

 

 

Itens – Manlju 1e klasse t.i.l.

 

Op dizze prachtige 1e klas partij yn Itens stiet Bauke Dijkstra yn de finale mei Pieter Bakker en Johan Diertens. Se ferlieze dit krekt fan Feiko Broersma, Allard Hoekstra en Peter de Boer, 5-4 en 6-6.

 

Opmerklik yn de 1e omloop wie dat de wedstriden fan partoeren 7-8, 9-10 en 11-12 alle trije op 5-5:6-6 út kamen. Peter van Althuis c.s. helje de 3e priis (partoer 8), Bauke Dijkstra c.s. wint fan Enno Kingma c.s. en Dirk Yde Sjaarda c.s. ferlearen fan Arnold Zijlstra c.s.

 

 


 

Snein 7 july

 

KNKB

 

Penjum – Skoalfamkes A+B

20130707 Penjum Skoalfamkes 

Yn de B-Klasse in 3e priis foar Jeska Terpstra mei Rianne Nutma fan Winsum.

 

 

Tsjom – Prins- en prinsessepartij foar pupillen

Yn Tsjom wie der in 3e priis yn de ferliezersronde foar Corrie Kroondijk mei Marrit Jellesma, Berltsum.

 

 

 

 

 

 

Back To Top