Freed begûnen de Bolswarder keatsdagen en wol mei de haadklasse froulju en sneins de haadklasse manlju. By jubilaris Minnertsgea (100 jier!) wie it Nederlâns Kampioenskip foar junioaren en Easterein die mei en knap ek. Ek op sneon de Okkema-partij yn Easterein.
Freed 12 july
KNKB
Boalsert – Haadklasse froulju t.i.l.
Fan Easterein stienen der 4 froulju op de list en foar Jelien Pompstra wie it de earste kear op útnoeging, har debút dus. Se ferlear de 1e omloop mei 5-5:6-6 mei har maten Nicole Hempenius en Feikje Bouwhuis. Sietske Okkema en Imke vd Leest mei Bianca vd Veen ferlearen ek de 1e omloop, 3-5:6-6.
Marije Hiemstra wûn mei Leonie vd Graaf en Geke de Boer de krânsen yn Boalset. Yn de finale waard wûn fan Joukje Kuperus, Sjoukje Visser en Harmke Siegersma, 5-3:6-6.
Sjoch ek de foto’s fan Henk Bootsma Fotografie
Sneon 13 july
KNKB
Minnertsgea – Nederlânske kampioenskip junioaren
Sjoch ek it nijsberjocht KNKB: NK Junioaren
En op de KNKB-site by Nederlands Kampioenschap Junioren
Sjoch ek de foto’s fan Henk Bootsma Fotografie
Mantum – Froulju 1e klasse t.i.l.
Tineke Dijkstra wint mei Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra de krânsen yn Mantgum. Yn de finale wurdt wûn mei 5-4:6-4 fan Rianne Vellinga Frjentsjer, Riska Bouma Bûtenpost en Marije van der Meer Grins.
FEDERAASJE
Easterein – 35ste Okkemapartij
Sjoch foar ferslach en foto by 13-07-2013 – Okkemapartij
Snein 14 july
KNKB
Dronryp – Manlju 50+ A+B
Roel Sijbesma wint mei Wieger Boonstra, Heerenveen en Piet Bierma, Dronten in 3e priis by de manlju 50+ yn Dronryp yn de B-klasse (14 partoer).
Lekkum – Froulju 1e klasse frije formaasje
Tineke Dijkstra wint mei Judy Bergsma en Idske Zijlstra de 2e priis yn Lekkum. Der is in 3e priis foar Martine Tiemersma mei Ilse Noorman en Margriet Bakker.