It wykein fan de NK foar famkes en NK foar jonges. De KNKB froulju 1e klas en pupillenfamkes yn Easterein, in moaie keatsdei en fansels de grutte jubileumhaadklassepartij yn St Jacob. De 125 jierrige feriening krige doch in moai kado troch de winst fan de jonges fan St Jacob op it NK!
En…
Der wienen twa partoeren welpenjonges nei de ôfdielingswedstriid Jirnsum. Partoer 1 mei Siebo Boersma, Rutger Sijbesma, Redmer Wiersma en coach Roel Sijbesma wûn de 3e priis!
Woansdei 11 juny
Harns – FB Cup
Easterein 1 wint fan Frjentsjer 2 mei 2-5:4-6 en komt da by de lêste seis ferienings mei Wommels, Minnerstgea, Berlstum, Bitgum en Easterlittens.
Ek de manlju winne en wol fan Boalsert 2 mei 5-2:6-6 en sitte by de lêste acht ferienings.
Sneon 14 juny
Winsum – Froulju haadklasse
Der is in 3e priis foar Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Manon Scheepstra.
Drylst – NK Famkes
Yn Drylst waard it NK Famkes hâlden en foar Easterein dienen Martine Kooistra, Baukje Terpstra en Janieke Dijkstra mei. Se ferlearen de 1e omloop fan Mangtum mei 5-3:6-4.
It NK wurdt wûn troch Peins.
Stiens – NK Jonges
Yn Stiens witte Bote Jellema, Kees ter Horst en Remon Tie Bouma it net te winnen fan de letter finalist Hyum-Feinstum, 5-0:6-2
St Jakob wint it en besoarget de 125 jierrige feriening KV Het Noorden hjirmei in moai kado!
Easterein – Froulju 1e klasse t.i.l.
De froulju 1e klas mei 14 partoeren wienen te gast. Marit Kuperus en Gabriële Bouma wûnen de 2e priis yn de ferliezersronde mei Boukje Houtsma
Sjoch foar it ferslach en foto’s by Wedstriidútslaggen, KNKB
Easterein – Pupillenfamkes ôfdieling en opstap (t.i.l.)
De famkespupillen fan Easterein winne de ôfdielingswedstriid en yn de t.i.l. wint Machtelt Veldman in 2e priis.
Sjoch foar it ferslach en foto’s by Wedstriidútslaggen, KNKB
Snein 15 juny
Tsjummearum – Manlju 1e klasse frije formaasje ûnbeperkt
Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong winne dizze wedstriid. Goede twadde waarden Gosse Beeksma, Bauke Dijkstra en Rudolf Soepboer.
Frjentsjer – Froulju 1e klasse frije formaasje ûnbeperkt
In moaie list mei mar leafst 17 partoeren, wêrfan in oantal famkespartoeren. En lit no krekt twa famkespartoeren yn de finales komme. Yn de finale fan de ferliezersronde winne Tineke Dijkstra, Marit Kuperus en Melissa Rianne Hiemstra in 1e priis
Opfallend wie hjoed dat Frentsjer betocht hie om yn SEIS perken te begjinnen. Dat wie spitich en docht gjin rjocht oan de moaie opkomst op dizze wedstriid.
Makkum – Pupillenfamkes A+B
Yn de A-klasse de krânse foar Roelie Kroondijk mei Anna Rob fan Winsum. Hja wûnen de finale mei 5-5:6-6!
Yn de B-klasse wie de krânse foar Machtelt Veldman mei Marlies Bonnema fan Winsum en ek hjir de einstân 5-5-:6-6.
In moai wykein dus foar de pupillenfamkes!
Jirnsum – Welpenjonges ôfdieling
In moaie 3e priis foar Easterein 1 mei Siebo Boersma, Rutger Sijbesma, Redmer Wiersma.
En Easterein wie der mei twa partoeren! Prachtig.
Easterein 2 mei Redmer Stegenga, Niels Janssen en Tjalle Durk van der Eems ferlearen de 1e omloop fan BItgum. Yn de opstap-wedstriid wûn NIels Janssen de 2e priis mei Durk Bootsma fan Tirns