In ‘doordeweeks’ programma ôfrûne wike mei keatserij op moandei en woansdei. Mar ek yn it wykein waard der folop keatst. Under mear foar de pleatsing foar de manlju’s PC (2 augustus). Bauke Dijkstra is al fersekere fan dielname oan de PC. Jan Schurer en âld-Eastereiner Jelte Pieter Dijkstra moatte tongersdei tidens de Keats-off prebearje it lêste plakje te bemachtigjen foar de grutte dei. Alfêst sukses mannen!
MOANDEI 17 JULY
Makkum, manlju en froulju 1e klas, t.i.l.
3e priis: Dirk-Yde Sjaarda
2e priis: Jeska Terpstra
WOANSDEI 19 JULY
Minnertsgea, froulju haadklasse, f.f.
3e priis: Imke van der Leest
SNEON 22 JULY
Wytmarsum, froulju, 1e klas, f.f.
1e priis: Sietske Okkema en Marije Hiemstra
2e priis: Jeska Terpstra
Easterlittens, manlju 50+, t.i.l.
2e priis, B klasse: Douwe Durk Reitsma
Marrum, manlju f.f. (Noarderleech partij)
3e priis: Danny Roos
SNEIN 23 JULY
Marsum, froulju 1e klas, f.f.
3e priis: Sietske Okkema en Marije Hiemstra
Alde Leie, famkes, t.i.l.
2e priis B klasse: Corrie Kroondijk
Huzum, froulju haadklasse, f.f.
Mei ‘alles oan ‘e hang’ yn de finale krekt ferlen….
2e priis: Imke van der Leest
Kommende wike (24 july – 28 july) docht Corrie Kroondijk mei oan it EK Wallball yn Valencia. In hiele belibbenis. Sukses Corrie!
En fansels woansdei de Jong-Feinte Partij!! Oanfang 10.00 oere. It Eastereiner partoer bestiet út: Bote Jellema, Rémon Tie Bouma en Doede Rients Okkema. Sukses jonges!