De 4e woansdei fan july wie wer in grut sukses! Untank de rein ha we in prima Jong-Feintedei hân mei in oantreklike finale en moaie priiswinners. En de finalisten Haye Jan Nicolay fan Jelsum-Koarnjum-Britsum en Kees en Pieter vd Schoot van Seisbierrrum winne as partoer de keatsoff op tongersdei en fertsjinje sa it 16e ticket foar de 163ste PC yn Frjentsjer. PC-foarsitter Westra ferwiist ek noch efkes nei de Jong-Feintepartij en seit: “We ha ferlet fan Jong-Feinten, de talinten”.
No op nei de PC Frjentsjer , Ald-Meiers en De Freule. Easterein docht oan al dizze prachtige wedstriden mei.
Sneon 30 july
Tsjummearrum – Froulju 1e klasse
De krânsen foar it partoer fan Imke vd Leest mei Iris van der Veen en Sjanet Wijnia. Yn de finale waard wûn fan Marije Hiemstra mei Anke Winkel en Jennie Terpstra (foar dit partoere de tredde 2e priis efter inoar! Foar Sietske Okkema en Martine Tiemersma mei Martzen Deinum de 3e priis!
Snein 31 july
Der is in 3e priis foar Dirk-Yde Sjaarda en Bauke Dijkstra mei Steven de Bruin.
Hearrenfean – Froulju 1e klasse
Dat is apart. Deselde útslach as juster yn Tsjummearum! De krânsen wer foar it partoer fan Imke vd Leest mei Iris van der Veen en Sjanet Wijnia. Yn de finale waard wûn fan Marije Hiemstra mei Anke Winkel en Jennie Terpstra (foar dit partoer dus de fjirde 2e priis efter inoar!) Foar Sietske Okkema en Martine Tiemersma mei Martzen Deinum wer de 3e priis!
St Jabik – Manlju 50+ A-klasse
Simon Kingma wint de 3e priis mei Jan v.d. Meulen en Dirk Machiela.
St Jabik – Manlju 50+ B-klasse
Yn de B-klasse de 1e priis yn de ferliezersronde foar Ype Tiemersma mei Teake Koster en Henk Nesse
Letter mear…