Yn it twadde keatswykein fan it seizoen 2018 binne der wer in oantal Eastereiners om útens west. Juster organisearren wy wer ús jierlikse partij foar de froulju haad- en earsteklasse. It ferslach fan dizze dei stiet al ûnder ‘nijs’ op ús webside. Fan alle oare wedstriden hjirby wer ús wyklikse ferslach út ús ‘keatsútslaggen’ WhatsApp-groep.
Snein 6 maaie – Famkes t.i.l.
De famylje Kroondijk gongen snein mei 2 prizen nei hús. Corrie wûn de 1e priis en Roelie de 3e priis.
Snein 6 maaie – Manlju 50+ t.i.l.
Yn Berltsum wûn Ype Tiemersma in 2e priis yn de B-klasse. Hy ferlear de finale mei 5-5 6-2.