Skip to content

Woansdei 22 augustus wie in hichtepunt foar Marije en Imke troch it winnen fan de Frouljus PC yn Weidum mei Aukje van Kuiken. Mar ek in hichtepunt foar keatsferiening Easterein dy’t foar it earst winners fan de Frouljus PC yn de feriening hat. De wike stie fierder yn it teken fan de fan Aisma-dagen yn Bitgum en fansels oare wedstriden. Yn Easterein wie it de wike fan stifting De Skoalleseize. Hja fierden it 25-jierrich bestean mei alle feriening en allegear akitiviteiten, lykas it keatsen op freed 24 augustus.

 

 

WOANSDEI 22 augustus

 

FROULJUS PC

 

Weidum

Yn Weidum wie de 36ste Frouljus PC. It wie in PC mei twa debutantes fan Easterein, Tineke Dijkstra en Martine Tiemersma. En fansels de dei fan Marije Hiemstra en Aukje van Kuiken fan Kollumerpomp. As fiifde frommeske op de PC stie Anke Marije Pompstra. It FERSLACH.

 

 

FREED 24 augustus

 

FERIENING

 

Easterein – Jubileumpartij Skoalleseize 25 jier

Freed wie der in keatspartij foar de jongerein en senioaren yn it ramt fan it 25-jierrich bestean fan stifting De Skoalleseize. Sjoch it ferslach en foto’s by 20120824_Skoalleseize_25jier

 

 

KNKB

 

Bitgum – Van Aismadagen – froulju haadklasse

Yn Bitgum stienen op de grutte útnoegingswedstriid ‘De van Aismadagen’ fiif froulju fan Easterein op de list. Tineke Dijkstra wie by Leonie vd Graaf en Manon Scheepstra en moast tsjin Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Fenna Zeinstra. Dat waard pas op 5-5:6-6 beslikke en Martine c.s. luts oan it langste ein.

 

Dat de wedstriid yn Bitgum no in moai debút wie foar Tineke en Martine, no nee. Je meie ferwachtsje fan de erfaren froulju dat hja de jongeren meinimme yn de wedstriid en stimulearje sa’t se lekker en goed keatse kinne. Mar as dsokke jonge froulju gjin fertrouwen krije, dan is hiel dat spitich!

Ek spitich foar de froulju en foar de feriening dat der sa bytsje folk om it fjild wie

 

20120824 Bitgum 

Imke vd Leest keatst mei Iiris vd Veen en Geke de BOer. De lêste is der grutte ferrassing fan de dei. Geke keatst geweldich en wurdt by har debút op dizze wedstriid as earstejiers frou sels keninginne en dat wie hielendal terjochte. Se winne yn de finale fan Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Miranda Scheffer. Fan dizze froulju hie Anke Marije en har maten Nelie Steenstra en Maaike Osinga ferlern mei 5-4:6-6.

 

De striid om de 3e priis gie foar Marije en Martine mei Fenna ferlern tsjin Evelien Westra, SJoukje Visser en Aukje van Kuiken.

 

 

SNEON 25 augustus

 

FEDERAASJE

 

Turns – Joostemapartij senioaren

(Bron: KF Reahus-Turns) Jelle Fopma stie mei Jurian Rijpma, Liuwe Jan van der Brug yn de finale fan de 31e Joostemapartij, maer ferlearen dat krekt fan Sietse Kuipers, Catrinus Kooistra en Frans Poelsma opi 5-5:6-6. Bertus Bootsma hie mei Gauke Zijlstra en Jaap van der Veer de 3e priis, hja ferlearen ek mei 5-5:6-6 fan de lettere winners. Der stienen 14 partoeren op ‘e list.

 

By de froulju – dy’t foar de 14e kear de Joostema Partij keatsten – dienen 6 partoeren mei. De  oerwinning gie nei it twatal Hester van der Meer en Afke van der Berg. Sy wienen yn de finale te sterk foar dat oare twatal: Brechtsje Posthumus en Fetsje Terpstra.

 

 

KNKB

 

Burchwert – famkes t.i.l.

Der wie in 3e priis foar Margretha Terpstra mei Lilijan Kingma en Corina de Vries. Yn de heale finale waard ferlern fan Marte Altenburg, Pytrik Visser en Marloes Fennema mei 5-2:6-4.

 

 

SNEIN 26 augustus

 

KNKB

 

Ljouwert LKC – Froulju haadklasse & 1e klasse frije formaasje

Op de haadklasse in 3e priis foar Imke vd Leest mei Aukje van Kuiken en
Iris vd Veen. Marije Hiemstra waard nei de 1e omloop ferfongen troch Iris…

 

 

Grou – Jonges A+B t.i.l.

Yn de B-klasse wint Bote Jellema de 2e priis mei Christiaan Drayer, Ferwoude, Jelte Drijfhout, Poppenwier. Se ferlieze mei 5-3:6-2. Rémon Tie Bouma wint mei Jehannes Gietema, Akkrum, Roald Bruinsma, Britsum de 3e priis.

 

 

Jorwert – Pupillenfamkes A+B t.i.l.

Der wie in 3e priis yn de herkansing foar Julia Paauw mei Nynke Beckers

 

 

Jellum/Bears – Welpenfamkes A+B t.i.l.

Der wie in 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Sanne Abma. Yn de herkansing wie der in 2e priis foar Roelie Kroondijk en Machtelt Veltman!

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl 

Back To Top