Skip to content

Bêste minsken,

 

Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein.

Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen op it ôfrûne jier en ús plannen foar it kommende keatsseizoen beprate. Ek âlders fan ús jongereinleden binne fan herte wolkom.

 

De gearkomste sil plakfine op woansdei 13 novimber 2013 om 20.00 oere yn ‘De Skoalleseize’.

 

 

Wurklist

 

1. Iepening

2. Meidielings en ynkommen stikken

3. Oantekens fan de foarjiersgearkomste fan 27 maart 2013.

It ferslach hat elts tagelyk mei de útnoeging krigen. Bin hjir fragen/opmerkings oer?

4. Stikken neijiersgearkomste KNKB op 21 novimber 2013

5. Meidielings fan út de neijiersgearkomste Federaasje Snits fan 30 oktober 2013

6. Punten fan út it bestjoer, û.o.:

– ûntwikkelings sportkompleks ‘De Skoalleseize’

– fakatueres: stân fan saken

7. Skoft

8. Jildsaken: begrutting en kontribúsje 2014 fêststelle

9. Utrikking prizen kompetysjekeatsen senioaren

10. Keats(t)er fan it jier

11. Huldiging 3e priiswinner PC Jelte-Pieter Dijkstra

12. Omfreegjen

13. Sluting

 

Oant sjen op 13 novimber!

 

Bestjoer K.F. Easterein

 

WURKLIST (pdf)

Back To Top