Opset kompetysjekeatsen foar jongerein en junioren yn Easterein
Op dit stuit is der in trend dat de jeugd fan 14-16 ophâld mei de kompetysjekeatserij of dat se yn oare doarpen kompetysjekeatsen gean. Op in inkeling nei fine se it net leuk om mei de âlderein te keatsen.
We merke yn de omkriten dat de jeugd graach mei elkoar keatse wol. Sjoch yn Hartwert dêr’t de jonges fan de keten mei elkoar in baltsje slaan op de kompetysjejûn. Dat de jeugd elkoar ‘Whatsapppt’ om yn Wommels efkes te baljen, sa soe dat yn Easterein kinne.
Us idee is om neist de kompetysje fan de manlju en froulje op deselde jûn in jeugdkompetysje foar jongerein fan 14-18 jier op te setten. Dêrby is it mooglik dat ek oare keatsers fan bûten hjirby oanslúte kinne as se dat wolle en se hoege net iens allinnich út de Federaasje Snits wei te kommen.!
Besjoch it krekt as it trainen (keatsoplieding) fan KF Easterein, dêr’t ek jongerein fan omlizzende ferienings oan dielnimme. Somtiden komt it foar dat je yn eigen doarp net folle leeftiidsgenoaten hawwe. Wat is it dan doch moai dat je nei Easterein komme kinne, dêr’t je leeftiidsgenoaten moetsje en je mei elkoar lekker keatse kinne!
Fansels wolle wy wol in lytse finansjele bydrage fan € 1,- freegje at der keatsers fan bûten gebrûk meitsje fan dizze fasiliteit. Dus jongerein fan Easterein en omkriten.
Kom fanôf freed 1 maaie fanôf 19.15 lekker keatsen mei eigen leeftiidsgenoaten op it sportfjild De Skoalleseize yn Easterein.
Graach oant freed 1 maaie!
Golle groetnis
De jongereinkommisje