Skip to content

 

Ferslach nachtkeatsen 31-08-2019

 

Unwaar en rein dearden de keats(t)ers neat; mei 23 man/frou op papier koene we 3 moaie listen ferkeatse. Troch it waar giene we wat letter los mar om 21.30 oere koe  de earste bal slein wurde.

Yn de 1e omloop ien drege en lange partij: Sieta en Petra tsjin Jitske en Karin,

5-5/6-2.  De 2e omloop liet wat minder spannende partijen sjen mar yn de 3e omloop wie noch in drege partij wêryn noch folop om de krânsen strieden waard: Robert en Peter hiene in noflike foarsprong fan 5-1 tsjin Ids en Rémon, sy kamen knap werom tot 5-5 mar moasten yn it lêste earst dochs belies jaan.

 

Troch de rein in wiet fjild wat tal fan glydzpartijen, falpartijen en skowerijen oplevere. It wie somtiden in wier spektakel om nei te sjen. Dat dêrmei ek wolris in oare keats(t)er meinaam waard yn de fal namen we dan ek mar op de keap ta!

 

De prizen wiene as folgt:

 

A klasse

1e priis: Peter Stuiver (21/9)

2e priis: Wietse Vink (21/11)

3e priis: Robert Sijbesma (21/11)

De nûmers 2 en 3 hiene likefolle foar – as tsjinearsten. Wietse hie 2 tsjinpunten minder yn de lêste earsten en wûn dêrmei de 2e priis.

 

B klasse

1e priis: René Rijpma (19/11)

2e priis: Jitske Plantinga (15/13)

3e priis: Jan Bouke Bouma (15/14)

 

C klasse

1e priis: Kirsten Bijlsma (21/9)

2e priis: Petra Jellema (21/11)

 

Tank oan Bauke Jan en Durk dy’t de bar draaiende hâlden ha, super mannen!

 

Fansels ek tank oan de stipersgroep fan KF Easterein foar it mooglik meitsjen fan dizze moaie partij.

Back To Top