Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot ha foar Seisbierrum-Pitersbierrum de Jong-Feintepartij wûn.
Yn de finale waard it partoer fan Jelsum-Koarnjum-Britsum mei de keatsers Lieuwe v.d. Werff, Kevin Jordi Hiemstra en Haye Jan Nicolay mei 4-5 2-6 ferslein. Op dizze stân slacht Kees van der Schoot de bal boppe en sa wint Seisbierrum-Pitersbierrum de 12e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid. Seisbierrrum-Pitersbierrum wûn yn 2014 ek de Jong-Feinte, doe mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser.
Ek dizze 12e edysje waard der wer moai keatst en folop foar de prizen striden. It waar wie dit jier net sa goed as de lêste jierren. By de heale finales en de finale ha we wat lêst hân fan rein en dat binne we hast net went tidens de Jong-Feintepartij.
Seisbierrum-Pitersbierrum is de dei begongen tsjin Berltsum 2 (3-5 4-6) en komt ferfolgens St. Jabik tsjin op de twadde list (0-5 6-6). Op de tredde list soarget Seisbierrum-Pitersbierrum foar in plakje yn de heale finale troch mei in skjinne tillegraaf (0-5 0-6) te winnen fan Tsjummearum. Yn de heale finale treffe se it twadde partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum en ek foar dizze keatsers binne se te sterk. It wurdt 2-5 4-6.
Jelsum-Koarnjum-Britsum wûn op de earste list fan Lekkum (5-2 6-2). Op de twadde list ha se in steand nûmer. Yn de tredde list in knappe oerwinning fan 5-3 6-4 tsjin Frjentsjer 1. Yn de heale finale komme se tsjinoer it partoer fan Berltsum 1. Der wurdt om de punten fochten mar Jelsum-Koarnjum-Britsum is te sterk en soarget foar in plakje yn de finale (2-5 2-6).
Yn de finale pakt Seisbierrum-Pitersbierrum rap in spul foarsprong, mar ferfolgens wurde de earsten ferdield. It wurdt 2-3 en Seisbierrum pakt troch nei 2-4 en komt fia in skjin earst op 2-5 foarsprong.
Jelsum-Koarnjum-Britsum wit net fan opjaan en troch in goeie opslachsearje fan Haye Jan Nicolay wurdt it 3-5. Op 3-5 6-4 pakt Jelsum-Koarnjum-Britsum de 4 earsten mar dat sil it lêste buordsje foar se wêze.
Op 4-5 2-6 soarget Kees van der Schoot foar de oerwinning foar Seisbierrum-Pitersbierrum troch de bal boppe te slaan.
Tredde prizen wiene der foar Berltsum (André van Dellen, Ruben Eijzenga en Jisse Kemper) en Seisbierrum-Pitersbierrum 2 (Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Joran Gerbranda).
1e priiswinners
Seisbierrum-Pitersbierrum 1: Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot
2e priiswinners
Jelsum-Koarnjum-Britsum: Lieuwe v.d. Werff, Kevin Jordi Hiemstra, Haye Jan Nicolay
3e priiswinners
Seisbierrum-Pitersbierrum 2: Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Joran Gerbranda
3e priiswinners
Berltsum 1: André van Dellen, Ruben Eijzenga en Jisse Kemper
Skiedsrjochters Erwin van Wier en Willem Postma
Speaker Pieter van Althuis en masseur Dooitze Nauta
Mear foto’s fan Henk Bootsma, sjoch HJIR