Skip to content

Pupillenfamkes skriuwe histoarje foar Easterein

 

Al sa faak wienen der partoeren fan de pupillen- en skoalfamkes en famkes dy’t tichtby it Nederlânsk Kampioenskip wienen. It frouljuskeatsen yn Easterein is breed. Der binne altyd in soad ôfdielingspartoeren west yn alle klassen en ek geane der in soad froulju fuort te keatsen, sawol by de jongerein as yn de haad- en earste klasse.

20140628 NKPupillenfamkes 

(Foto: Annette Kroonijk, klik op de foto foar grutter eksimplaar)

 

En lit it pas de twadde NK sege ea wêze foar keatsferiening Easterein, yn 1997 wienen it Dirk Yde Sjaarda, Samme Overal en Tjipke Klaas Okkema dy’t mei coach Ynze Jorritsma de skoaljongesbûn wûnen, der komme no fêst mear!

1997 Schooljongensbond

Dit jier wie it dus rekke en wisten de pupillenfamkes Corrie en Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en (reserve) Machtelt Veldman mei coach Ype Tiemersma de begearde titel te heljen yn Goaiïngea! Earder yn it seizoen ek al twa oerwinnings op ôfdielingswedstriden en dêrfan ien yn eigen doarp op 14 juny!

 

En as ekstra wûnen ek de jonge fammen Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra mei coach Gerrit Flisijn foar it earst in priis op de 11de Jong-Famme partij yn Mantgum. Hja winne de 1e omloop mei 1-5:0-6 fan Mantgum, dan in goede wedstriid tsjin Grou, 2-5:4-6, dan tsjin Seisbierrum-Pietersbierum 5-3:6-2 en yn de heale finale wurdt ferlern fan Dronryp, 5-5:6-0.


Mantgum – Jong-Famme

Dit partoer hie ek al twa kear yn in finale fan it NK Famkes stien. Yn 2010 yn Hallum moasten se Stiens foargean litte en yn Mantgum yn 2011 wie Dronryp de winner. Yn datselde jier waard wol de Ald-Meierspartij wûn.

20140628 NKPupillenfamkes 2

Dat der in bân wie tusken dizze jongfammen en de pupillenfamkes wie wol dúdlik doe Jelien yn Mantgum in tillefoantsje krige fan Corrie. Jelien hie yn de wike foar it NK tsjin de pupillenfamkes sein dat se mei de koets mei drave soe as se Nederlânsk Kampioen wurde soenen. Dat mei krekt de krâns om de nekke waard earst Jelien efkes herinnere oan har útspraak. En se hat draaft..

 

In prachtige prestaasje van Roelie, as tûke en fûle opslagger wit se it perk faak te brekken. Yn it perk binne beide Kroondijks gjin bal fertrout. Nynke yn de rol fan balkearder kwyt har skoan fan har taak. Mar it wapen is foaral wol it entûsjasme en de wille wêrmei hja yn it fjild stean. De tsjinstanners wurde keatsend en mei striidkreten oerwûn!

20140628 NKPupillenfamkes 5

(Foto: Suwarda Vis – klik op foto foar grut eskimplaar)

Foar mear foto’s fan Suwarda, sjoch HJIR

 

De dei begûn tsjin in oare favoryt, Makkum. Eigenlik wienen Easterein en Makkum favoryt foar de titel. De winner fan dizze omloop mocht dêr dus foar gean. Easterein wint mei 4-5:4-6. Dêrnei wurdt wûn fan Raerd mei 5-2:6-2 en doe fan Berltsum mei 5-1:6-4. Yn de heale finale ha se in stean nûmer en yn de finale treffe se Seisbierrum-Pietersbierum. De finale wurdt wûn mei 5-3:6-4 en we ha in Nederlânsk Kampioen yn Easterein!

 

KNKB – Nederlânsk Kampioenskip Pupillenfamkes

20140628 NKPupillenfamkes 1 

20140628 NKPupillenfamkes 3

 

 

Letter fêst mear hjir oer…!

Back To Top