Skip to content

Hjirby in nije update oer de stân fan saken rûnom it coronafirus en ús aktiviteiten as keatsferiening. De KNKB hat ús hjoed mei in brief ynformearre oer de kar dy de keatsbûn makke hat oangeande harren aktiviteiten en keatspartijen.

De KNKB annuleart al harren aktiviteiten oant 1 juni en de start fan it keatsseizoen wurdt útstelt oant 20 juny. Alle hjirfoar ynplande KNKB partijen komme te ferfallen. Sy ha hjiroer yntensyf kontakt mei NOC*NSF.

De KNKB wol dit advys ek wer mei jaan oan alle keatsferienings. Omdat wy it advys fan de KNKB folgje, ha wy besluten om ek al ús aktiviteiten oant 1 juny te annulearjen. Konkreet betsjut dit dat ûnder oare de folgjende aktiviteiten ôflast (en net ynhelle) wurde:

  • Bestjoers- en kommisjegearkomsten;
  • Kompetysjekeatsen foar jongerein en senioaren;
  • Jeu de Pelote;
  • Trainings (seal en fjild) foar de jongerein;
  • Kaderjûn mei Foppe de Haan (24 april, dizze wurdt útstelt);
  • Keningsdei-partij (27 april);
  • Keatskamp (28-30 april);
  • Stiperdei (10 maaie);
  • KNKB partij skoalfamkes (17 maaie);
  • Jeugdledepartij (19 maaie);
  • Ledepartij (24 maaie);
  • Pearkekeatsen (31 maaie).

Wy hoopje fansels op jim begrip. At der wer nije ûntwikkelings binne dan sille wy jim fansels wer ynformearje. Hâld ús webside, Facebook en Twitter yn’e gaten foar it lêste nijs.

Bliuw sûn en let in bytsje op mekoar.

Haadbestjoer KF Easterein

Back To Top