Hjoed keatsten de froulju harren lêste wedstriid foar de PC kommende woansdei. Under lieding fan skiedsrjochter Sipke Hiemstra waard der om 11.00 oere úteinset.
It favoriete partoer (Tuinenga c.s.) makke harren rol wier en pakten de krânsen. Sy wûnen de finale mei 5-0/6-6 fan de Haan c.s..
Mei tank oan alle karmasters, tillegrafisten, blokjerinners en oare frijwilligers wie it in tige slagge keatsdei yn Easterein!
Hjirûnder de priiswinners:
1e priis
Ilse Tuinenga
Anne Monfils
Marrit Zeinstra
2e priis
Annet de Haan
Louise Krol
Sjanet Wijnia
3e priis
Amarins de Groot
Larissa Smink
Noa Elzinga