De 3e ledenwedstriid fan it seizoen, wát in moaie keatserij ha we hjoed sjoen. In protte partoeren wiene flink oan mekoar weage, wat resultearre yn lange en spannende partijen. Foar de manlju wie it in frije formaasje wedstriid en foar de froulju t.i.l.
3 partoeren yn de A klasse, elts keatste dus 2 kear. Op papier like dit net sa folle, mar yn de praktyk wie foar alle 3 partoeren 2 wedstriden mear dan genôch. Se ûntrûnen mekoar net folle en fochten foar eltse slach. Moai om te sjen dat de âldere generaasje it net ferleard en dat de jonge generaasje steeds better wurdt. Julian wûn mei syn maten Rémon en Stefan de hage nei 2 winstpartijen.
A klasse
1e priis: Julian Faber, Rémon Bouma, Stefan van Krimpen
Yn de B klasse stiene 6 partoer op de list, sy keatsten it saneamde ‘Sneker systeem’. 3 wedstriden keatse op dizze broeierige snein wie foar sommigen wat te folle, mar oaren laden júst wer op. In wiere kreaker yn de lêste omloop tusken Bote, Wietse, Jelmer en Ids, Johannes, Jelle. Beide partoeren wiene as ienigen noch yn de race om de krânsen. Mei alles oan de hang wie it in echte finale te neamen. Bote c.s. pakten op it nipperke de winst.
B klasse
1e priis: Bote Jellema, Wietse Vink, Jelmer Hazenberg
2e priis: Ids de Boer, Johannes Hazenberg, Jelle de Boer
3e priis: Harm-Auke Dijkstra, Steef Haarsma, Geert Dijkstra
De froulju keatsten yn in poule, sadwaande koe elts 3x yn aksje komme. Ek hjir yn de lêste omloop it treffen tusken de partoeren die’t noch om de krânsen striede koene; Judith, Gerbrig, Dieuwke en Jitske, Fianne, Jacqueline. Mei 5-5/6-4 lutsen Judith en har maten oan it langste ein en koene mei de krânsen nei hús.
Froulju
1e priis: Judith v/d Weerdt, Gerbrig Reitsma, Dieuwke Kooistra
2e priis: Jitske Plantinga, Fianne Dijkstra, Jacqueline Buma