Ferslach Jong-Feinte partij 09-07-2022

Eksmoarre 1 mei de keatsers Christiaan Stremler, Gerben de Boer en Pieter Jan Leijenaar winne de 17e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein! Foar it publyk in moaie en spannende finale om nei te sjen mei alles oan ‘e hang. Mar úteinlik trok Dronryp 1 mei de keatsers Mark Minnesma, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma oan it koartste ein. Sy sloegen de lêste bal spitigernôch bûten.

 

Op dizze 17e edysje waard der keatst mei in totale prizepot fan wol €4000,-. Hiel wat om foar te striden, at de ear al net genôch wêze soe. Op de list stiene mar leafst 31 partoeren fan 27 ferskillende ferienings, in nij rekord! Debuterende ferienings wienen Bitgum 2, Hantum en Eksmoarre 2. It wie goed keatswaar kwa temperatuer, mar de wyn stûn strak op it fjild. Dat soarge foar hurd wurkje by de opslach en tikje by de útslach. In dikke pluim wer foar alle karmasters en oare frijwilligers dy’t hjoed de hiele dei yn it spier wienen. Eigen wedstriden wurde al oan de kant setten om te helpen en âld Jong-Feinte keatsers fine it paad nei de keatsferiening as karmaster, grutte klasse!

 

Eksmoarre 1 treft Bitgum 2 yn de earste omloop en winne dit ienfâldich mei 5-0 6-4. Frjentsjer moat dêrnei belies jaan op 5-1 6-6. Noch mar 1 earst tsjin yn twa omlopen, mar dan moat Eksmoarre tsjin Winsum oan de bak, pas op 5-5 6-4 wurd de partij útmakke mei in triktrak. Yn de heale finale wurd Wytmarsum mei in tredde priis nei hús stjoerd op 5-3 6-4. De finale is in feit.

 

Dronryp 1 keatst de earste omloop tsjin Goutum en winne dit mei 5-2 6-2. Yn de twadde omloop treffen se Moarre-Ljussens, dit is in spannende pot en eindigt op 5-4 6-6. Dêrnei wurd Baard ferslein mei 5-2 6-4. Yn de heale finale tsjin Ingelum lykje se der frij makkelik trochhinne te rinnen, mar Ingelum jout net op en komt werom oant 5 earsten gelyk. Op 6-4 slacht Dronryp dan dochs boppe en pleatse sy harren foar de finale.

 

De partoeren binne oan elkoar weage en it publyk gjit dêr yn mei. Moaie triktrakjes, boppeslaggen en sitballen wurde oan alle kanten tajubele. At de mannen dan ek noch wat begjinne te praten ûnder elkoar, wurdt de spanning oan alle kanten opbouwt. Litte we wol soargje dat it sportyf bliuwt… De partoeren pakken om en om in earst ta 3-4 6-6. In belangryk earst; wurd it 4 earsten gelyk as in foarsprong fan 3-5? Dronryp kin de keats net foarby slaan en it gatsje troch Eksmoarre is slein. Mar in keatsdoarp as Dronyp lit it hjir net by sitten en sy slaan harren werom tot 5-5. Eksmoarre ferlear foarich jier de finale mei alles oan ‘e hang en wolle dit net wer litte gebeuren, mar it bart al! Dronryp slagt de bal bûten, dêrmei hat Eksmoarre hat harren revâns en winne sy de Jong-Feinte partij fan 2022!

 

Tredde prizen binne der foar Ingelum mei Menno Osinga, Remco Osinga en Jurrit Osinga en Wytmarsum mei Jari Visser, Redmer Zaagemans en Colin Baarda.