Skip to content

Op 24 augustus 2019 mochten wy yn in lekker waarm sintsje de manlju 50+ t.i.l. ferwolkomje.

 

De mannen keatsen yn 2 klassen. De A klasse hienen 2 poules fan 4 en de B klasse keatsten mei in list fan 14 partoeren.

Der dienen mar leafst 11 Eastereiners mei, dus dat der guons yn de prizen foelen, koe hast net misse. Foar ferskeidene wie it harren deb煤t, dus wa wit smakket dit nei mear en kinne wy folgend jier mei yn elts gefal 3 partoeren nei it NK 馃檪

 

Yn de A klasse kwamen de partoeren 4 (Simon Kingma, Ludwig Seerden en Bertus Bootsma) en 5 (Piet Zondervan, Durk Punter en Piet Machiela) yn de finale te stean. Beide partoeren hienen yn harren poule alles w没n. De finale waard mei 1-5 6-6 w没n troch partoer 5.

Yn de lytse finale st没nen de partoeren 3 (Tiede Boorsma, Hans Diekman en Jan Heida) en 7 (Jan Sipma, Tjeerd Dijkstra en Ype Tiemersma) tsjinoer elkoar. Sy wienen 2e yn harren poule wurden mei 17 en 18 earsten foar. Om de 3e priis as neat is it normaal, mar hjoed hienen wy der in 4e priis by. Beskikbar stelt troch in keatser die al it hiele jier de 4e priis wint en himsels dus no mar op safe sette. Lokkich foar him w没nen sy disse lytse finale mei 3-5 4-6 en hat hy sels syn 1e klassemintspunt fan dit jier helle.

 

By de B klasse in soart gelyk ferhaal. Ek hjir in ekstra priis hjoed, de 2e yn de ferliezersronde. At je 4 kear keatse moatte en ek noch 没nder disse waarme waarsomstannichheden, fine wy it op syn plak dat die 2e priis ek 煤trikt wurdt. En it kaam no hielendal moai 煤t, want it betrof ek noch 煤s haadstiper. De finale gong tusken de partoeren 1 (Wibe Hoitenga, Age v/d Goot en Tom Couperus) en 10 (Theunis Piersma, Ale Mosselman en Gerrie Otter) en waard mei 4-5 4-6 w没n troch partoer 10.

Yn de winnersronde wie it allegear wat minder spannend. By de heale finale wienen de 煤tslagen tusken de partoeren 13 (Paulus Strikwerda, Henk Mulder en Sjouke de Groot) en 2 (Sikke Koster, Tymen Dijkstra en Bauke Posthuma) 2-5 6-6 en tusken de partoeren 5 (Jan Brandsma, Wybren v/d Woud en Tjerk Okkema) en 9 (Dirk Poortstra, Joop Bootsma en Henk Hellinga) 5-1 6-2. D锚rmei kwamen partoer 2 en 5 yn de finale te stean. Ek dit wie redelik gau beslikke, want op 1-5 0-6 makke partoer 5 de partij 煤t. Al wie it wol faak op 6-6 seinen de mannen.

 

 

A klasse

1e priis: Piet Zondervan, Durk Punter en Piet Machiela

2e priis: Simon Kingma, Ludwig Seerden en Bertus Bootsma

3e priis: Jan Sipma, Tjeerd Dijkstra en Ype Tiemersma

4e priis: Tiede Boorsma, Hans Diekman en Jan Heida

 

B klasse

1e priis: Jan Brandsma, Wybren v/d Woud en Tjerk Okkema

2e priis: Sikke Koster, Tymen Dijkstra en Bauke Posthuma

3e priis: Paulus Strikwerda, Henk Mulder en Sjouke de Groot

3e priis: Dirk Poortstra, Joop Bootsma en Henk Hellinga

1e priis ferl.: Theunis Piersma, Ale Mosselman en Gerrie Otter

2e priis ferl.: Wibe Hoitenga, Age v/d Goot en Tom Couperus

 

 

Graach wolle wy eltsenien tank sizze foar disse slagge dei, yn it bys没nder 煤s haadstiper Couperus Hydrauliek en alle frijwilligers; karmasters, klubskiedsrjochters en kateraars.

 

Back To Top