Keatskamp 2016

Keatskamp 2016 – Rikkert de Kikkert!

By it keatskamp fan 2016 wie der in nije gast! In gast dy foar altyd yn Easterein bliuwe sill en de bern fan it keatskamp seinen: dat wurdt Rikkert de Kikkert

Youtube-Keatskamp Easterein

20160502Keatskampdei1Maskotte

Wer in fantastysk keatskamp yn Easterein. Tank oan de kommisje en frijwilligers! 


We binne 2 maaie moandei te middei fan start gongen. De bern moasten earst by binnen kommen in fingerôfdruk sette litte, dêrnei moasten se op de foto as echte boeven mei in spesjaal nûmer op in buordsje. Doe elk úteinlik binnen wie waard der in taspraak hâlden, elk is wolkom hjitten en dêrnei is de bedoeling fan de dei útlein. Ferskillende kategoryen mei elk groepke twa lieders. En ja by dit tema heart fansels ek in echte plysje mei plysjeauto!

Ferskate bern mochten sels in rûntsje mei ride yn de plysje-auto.

 

Mar by in keatskamp heart fansels ek in keatskamp T-shirt. Dizze swart en wite T-shirts wiene ferstoppe yn de Skoalleseize en dêrnei moasten de bern de T-shirts sykje mei help fan in riedsel per groep. Efkes letter wie der in ferrassing en dus de fraach wat is de ferrassing? De bern binne der op út stjoerd om de ferrassing te finen yn en rûn de Skoalleseize want de plysje socht in kikkert. Nei in pear minuten sykjen wie de ferrassing einlik fûn en waard de kikkert oanhâlden troch de plysje. De plysje wie op it punt om de kikkert fansels mei te nimmen, mar úteinlik mocht dy dochs bliuwe want de bern koene de kikkert dochs wier net misse. En se krije no de mooglikheid om te rieden wa der yn it pak sit, mar ek om te betinke wat in geskikte namme is. In skoftke letter binne we echt dwaande west mei wêr it no eins it hiele keatskamp om giet: keatstrainen fansels! Anna en Imke ha de hiele middei aksjefoto’s fan elk makke, want dizze krije in plakje op it diploma dy se allegearre krije oan it ein fan it keatskamp.

 

De middei wie al hurd wer foarby en de planning rûn no dochs even oars want… de ‘one and only’ Piet Paulusma kaam lâns om it waar hjir yn Easterein te dwaan. Om 5 oere gongen we allegearre iten mei in broadsje knakwoarst. We moasten no wol earder ite want Piet Paulusma kaam om 6 oere ús fertellen dat de kommende dagen goed liket kwa waar. Hjirtroch komme we sels om 22.30 oere op SBS6!

 

Hjirnei rap ûnder de brûs en fierder mei de rekreaasje. Dit wie ‘Levend Cluedo’. Nei’t se yn nije groepkes setten binne, koene se 6 opdrachten folbringe lyk as in speurtocht, in rekkensom, in puzel, geheimskrift en it echt moardwapen sykje! Troch dizze opdrachten te dwaan koene se der efter komme wa de moordenaar is, wêr de moordlokaasje is en mei watfoar wapen. Super leuk en spannend fansels. Gau noch efkes neikletse mei limonade en wat chips, en gau op bêd!

20160502Keatskampdei1 1 

20160502Keatskampdei1 2

20160502Keatskampdei1 3

20160502Keatskampdei1 4

 


De dei begûn foar de skoaljeugd goed mei de moarnsrin. Se moasten efter Jan en Bauke oandrave troch it doarp. Nei dat de kabouters wer oankommen wiene, koene de bern genietsje fan it moarnsbrochje. Dêrnei moasten se harren al klearmeitsje foar de training. Ek hjoed troffen we it mei it waar. Nei it trainen stie de lunch alwer klear.

 

Wylst we oan it iten wiene, koene we op de beamer Piet Paulusma syn waarberjocht noch even werom sjen. Elkenien fûn it hartstikke leuk om himsels op telefyzje te sjen! Nei de lunch gie de spannende speurtocht troch it doarp fan start. De bern moasten in geheime formule gearstalle troch ferskillende buiskes te finen. Ek koene se troch it hiele doarp munten fine dy bonuspunten opleveren. Al mei al dus fan alles te belibjen yn Easterein. Dochs wie dat net it iennichste. Der rûnen namtlik ek trije boeven troch it doarp. Dizze mochten de munten fan de bern ôfpakke! Wer werom kommen by de Skoalleseize ha de bern de ferskillende buiskes mei inoar mingd. De boel begûn te borreljen, der ûntstie in echte spoetnik! As dit drankje opdronken waard, waarden der fansels wer ekstra bonuspunten fertsjinne. Nei al dizze gesellichheid moast der wer traind wurde. By de training kaam Kikkert de maskotte sels noch efkes del en hy hat ek even mei keatst. Hy moat noch wol in soad leare!

 

De bern gau ûnder de brûs en oanskowe foar de makaroany, mooglik makke troch âlders en frijwilligers. Nei it iten waarden tariedingen dien foar de bûnte jûn, ek wol bekend as it besikersoere foar ús boeven. De bûnte jûn wie in jûn fol geselligens. It begûn mei in echte moadeshow, wêr elkenien syn pyama sjen liet! De welpen hiene in toanielstik tarieden, de kabouters fierden in echt sirkus op, de pupillen jonges hiene ek in toanielstik en de famkes dûnsen op in plysje ferske fan K3. De skoaljeugd fierden it ‘vliegerlied’ op. Boppedat hiene Jan, Marco en Bauke fan de lieding ek noch in moaie spetterjende ‘swimshow’ om sjen te litten. It wie in wier (en wiet) spektakel! Hjirmei wie der noch gjin ein oan de jûn, want der folge fansels noch de disko! Op dizze lêste jûn wie it noch lang ûnrêstich yn de Skoalleseize…

20160503Keatskampdei2 1

20160503Keatskampdei2 2

20160503Keatskampdei2 3

20160503Keatskampdei2 4

20160503Keatskampdei2 5

 


Nei de gesellige bûnte jûn, wie elkenien ek hjoed wer betiid wekker. De skoaljeugd moast de dei wer begjinne mei de moarnsrin, mar oan harren tempo wie te merken dat se koarte nachten hân hawwe. Dêrnei stie it moarnsbrochje wer klear en koe elkenien wer lekker ite. Nei it moarnsbrochje gong elk syn sliepguod opromje en waarden de tassen wer ynpakt. Ynienen kamen allegearre snobbersguodpapierkes en ferpakkingen foar it ljocht! Doe de bern harren tassen bûten del setten hiene, mochten se ferstoppertsje dwaan. Der wiene ferskillende foarwerpen ferstoppe oer it hiele terrein. Sommige bern hiene alles al binnen in kertier fûn!

 

Om tsien oere begûn de earste helte fan de wedstriid. De bern wiene binnen elke kategory yn partoeren yndiele, en moasten wedstriden tsjin inoar keatse. Der waard fel om elke punt keatst en it wie in moai spektakel. Tuskentroch waard efkes tiid makke foar…
Pankoeken fansels! De âlders en frijwilligers ha harren bêst wer dien om de hearlikste pankoeken te bakken foar ús. Nei dat de sjerp wer fan de muorren wie en de poeiersûker dampen wer oplutsen, gong de twadde helte fan de wedstriid fan start. Der waard, krekt as fannemoarn, aktyf keatst en tegearre mei it moaie waar soarge dit foar in geweldige lêste dei fan it keatskamp. De útslaggen fan de wedstriden binne yn dit boekje te finen.

 

Nei it keatsen waard bekend makke hokker kategory oft der wûn hie. Dat wie fansels hartstikke spannend, want de bern ha trije dagen lang werklik alles dien foar de bonuspunten! De kategory die it wûn hat is: Celblok W! De welpen: Fianne D., Anke b., Tjitske J., Geertje v. d. W., Liset S., Nienke Z., Nyka O., Theunis IJ., Ridzert V., Jesper P. (jammer genôch net op kamp, sterkte!) en Sophie L.. Se ha mei harren allen in grutte bokaal krigen fol mei spekjes! De namme en it jier is der al yngraffeard.

20160504Keatskampdei3 5 

Ek waard bekend wat de namme fan de grutte kikkert wurde moast. De bern koene it hiele keatskamp neitinke oer in leuke namme en koene de ideeën op in briefke yn in doaze dwaan. Úteinlik is der de folgjende namme út kommen: Rikket de Kikkert! Fianne D. kaam mei dit idee en hat dêrom in priis wûn: in knuffel fan Rikkert en kikkert suertsjes.
Sa stadich oan kamen we oan it ein fan it keatskamp. Alle bern waarden wer frij litten út dizze finzenis, op ien betingst: dat elkenien der folgjend jier wer by is!

20160504Keatskampdei3 1

20160504Keatskampdei3 2

20160504Keatskampdei3 3

20160504Keatskampdei3 4

 

20160504Keatskampdei3 6
Oant oare jier!