Keatskes: 25-08-2013

It keatswykein begûn op freed yn Easterein mei de MRW-nachtkeatspartij foar de jongerein. Op snoentejûn wie de MRW-nacktkeatspartij foar de senioaren. De van Aismadagen wienen yn Bitgum en we rinne nei it ein fan it seizoen. Takom wike snein noch de KNKB 50+ senioaren yn Easterein. It wie in moai wykein foar Tineke Dijkstra. Se wint sneon en snein de krâns.

 

 

Freed 23 augustus

 

FERIENING

 

Easterein – Jongerein – MRW – nachtkeatsen

Freed wie der nachtkeatsen foar de jongerein.

Sjoch foar útslach en foto’s by 23-08-2013 – MRW Nachtkeatsen jongerein

 

 

 


Sneon 24 augustus

 

 

FERIENING

 

 

Easterein – Senioaren – MRW – nachtkeatsen

Sneon wie der nachtkeatsen foar de jongerein.

Sjoch foar útslach en foto’s by 24-08-2013 – MRW nachtkeatsen senioaren


 

 

FEDERAASJE

 

Reahûs-Turns – Joostemapartij – Manlju/Froulju

Fan Easterein wienen der hiel wat leden ôfreizge/fytst nei de Joostemapartij en der foelen in soad leden yn de prizen.

 

De krânsen by de manlju wienen foar Klaas Kamstra, Bote Jellema en Kees Merkus

20130823 Joostemapartij7

By de froulju wienen it Petra Jellema, Geeske Yntema en Sietske Merkus

20130823 Joostemapartij2

De oare priiswinners wienen Tineke Yntema, Tjerk Okkema, Simon Kingma, Remon Tie Bouma, Stefan van Krimpen.

 

Sjoch foar de foto’s op de site fan KF Reahûs-Turns

 


 

 

KNKB

 

Boalsert – Manlju 50+ A+B

20130824 Boalsert50

Yn de A-klasse wint Douwe Durk Reitsma mei Piet Andringa, Grou en Tjeerd Bouma, Ljouwert de 2e priis. Se ferlieze de finale mei 5-4:6-6 fan Jan Sipma, Frjentsjer, Ieme de Haan, Makkum en Eddy Sjollema, Harns.

 

 

Bitgum – Froulju haadklasse útnoeging

20130824 Bitgum Dh

Marije Hiemstra wint mei Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra de 1e priis. De op papier sterkste formaasje makket it wier en wint de finale mei 5-3:6-2 fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Margriet Bakker.

 

 

Holwert – Froulju 1e klasse t.i.l.

20130824 Holwert Froulju1eklasse

Tineke Dijkstra en Imke van der Leest winne mei Ingrid vd Veen , Hurdegaryp de 1e priis. De finale wurdt mei 5-1:6-6 wûn fan Rianne Vellinga, Mirjam Beeksma en Miranda Scheffer.
 

 


Snein 25 augustus

 

KNKB

 

Ljouwert – Froulju haadklasse frije formaasje

20130825 Leeuwarden DH

Marjie Hiemstra, Imke van der Leest en Geke de Boer komme yn Ljouwert by LKC yn de finale nei winst op Ilse Noorman c.s. (5-1:6-6) en winst op Joukje Kuperus c.s. (5-5:6-4). De finale wurdt spile tsjin Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, mar wurdt ferlern mei 5-3:6-2.

 

 

Ljouwert – 1e klasse frije formaasje

20130825 Ljouwert Froulju1eklasse

Tineke pakt mei Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra har twadde krânse dit wykein. Se winne de finale fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer mei 4-5:2-6. Se kamen yn de finale nei in steand nûmer, winst op NIeke Wateler c.s. (5-1:6-6) en op Nynke Sinnema c.s. (4-5:4-6).

 

 

Mantgum – Jonges A+B

Rémon Tie Bouma wint in 2e priis fan de 17 partoeren. Hy die dat mei Matias Lukkes, Weidum en Evert Telenga, Menaam.

 

 

St Anne – welpenfamkes A+B

20130825 StAnneWelpefamkesB

Nynke Paauw wint mei Hanna Siegersma, Minnertsgea de krânsen. Se winne de finale fan Berber Bruinsma, Seisbierrum en Maud Looge, Peins.