Dik fertsjinne is Fianne Dijkstra keatser fan it jier 2022 wurden. Mei in hiele bulten krânse krige se der in moaie wikselbeker en blommen by. Lokwinske en geniet der fan Fianne!!
sep
Tjeerd Dijkstra en maten de kranse by de 50+ A klasse yn Goutum. Fianne Dijkstra de krânse yn Reduzum. In moai seizoen Fianne!!
sep
Fianne de krâns bij de KNKB slotparty yn Stiens. Roelie en har maten de twadde priis bij de dames haadklasse.
aug
Freed 26 augustus winne Roelie, Corrie en Gerde Lycklama a Nijeholt de finale wun fan de juniorenkompetisje. De finale wie yn Bolsward. Roelie waard utroppen ta keninginne!! Snein 27 augustus Geertje de krans! Corrie de twadde priis by de dames eerste klas yn Achlum. Snein 28 augustus Roel Sijbesma de 2de priis …
aug
Under in prachtige stjerrehimel, wynstil waar en in prima temperatuer wie it sa as altyd moaie en spektakulêre keatserij tidens it nachtkeatsen. Drave, fleane, falle, glydzje… Elts koe syn lol op! De priiswinners wiene as folgt: A maten 1e priis: Bote Jellema (21/6) 2e priis: Hans Kooistra (21/9) 3e priis: Julian Faber (19/9) B maten …
aug
Nei moaie omlopen is de heale finale helaas it einstatjon foar Jeska, Annet en Margriet. In moaie tredde priis! Lokwinkse!
aug
Sneon behelle Pieter Age in moaie twadde priis by de pupillen yn Surch. Yn Tirns by de KNKB diene de skoalfamkes fan Easterein goed mei! Geertsje de twadde fan de ferliezers, Fianne de eerste yn de ferliesers, Brecht in moaie twadde priis en Douwina krekt foar de prizen der ôf. Tjitske die ek mei mar …
aug
In ekstra spannende keats off dit jier; soe it Sietske Okkema en har maten Hiske Zeinstra en Melissa Hiemstra slagje om sich te pleatsen foar de froulju’s PC? De 1e omloop wie dreech mar nei in 5-2 efterstân koene de froulju de partij omboege yn harren foardiel, se wûnen mei 5-5/6-0 fan Foke Jill Bakker, …
aug
Sneon 6 augustus wie in Hitzum de jierlikse Ald Meijers party foar famkes. Liset Sijbesma die mei Anouk Delfsma en Inez Bakker fan Wommels mei. Se ha best keatst mar yn de twadde omloop helaas ferlen. Snein 7 augustus belle Corrie mei har maten de twadde priis by de dames eerste klas yn Dronryp. Sneon …
aug
Mei in moaie lot moatte je it altiid noch wol efkes dwaan. Mei best keatsen ha Remmelt, Evert-Pieter en Bauke de tredde priis op de PC behelle! Keurig mannen!