Ferslach regio jeugd t.i.l. 30-06-2023

De fjilden fol yn Easterein mei de regio keatsers welpen, pupillen, skoaljeugd, jonges/famkes en junioaren. Prachtich om safolle keatsers by elkoar te sjen. We keatsten yn totaal mei 106 bern!   Welpen famkes 1e priis: Anouk Groen en Elin Stoffelsma. 2e priis: Wietske Poelsma en Anna de Jong.   Welpen jonges yn de winnersronde 1e …

Keatskes wike 23

Freed 16 juni: federaasje yn Hommerts: moai wat prizen mei nei Easterein! De broers Jelke en Sven Sijbesma de kranse by de welpen.                                                               Marrit …

Ferslach ledenpartij 10-06-2023

Tsjin 12:00 oere melde de keatsers harren om sich fanmidje yn it swit te jaaien.. Foardat we los geane mei it keatsen wie der earst noch in foto moment om mei syn allen de nije ôfdielingsshirts fêst te lizzen troch Henk Bootsma. It wie in geselliche drokte op it terras mei alle jonger en âlderein …

Ferslach jeugd-ledenpartij 10-06-2023

In sammenlike ledenpartij foar sawol de jeugdleden as de senioaren. In moai konsept mei elkoar op it fjild! Yn poultsjes koenen alle jeugdleden likefolle kearen keatsen en dan mar ofwachtsje wa’t de measte punten hat. Dat sit soms ticht by elkoar… Mar foar dizze earste ledenpartij is der lokkich foar eltsenien een priis!   Kabouters: …

Keatskes wike 22

Ek dizze wike wer in tal oan prizen! Hjirûnder wer in oersicht. Freed 2 juny: federaasje yn Folgeare  Family Sijbesma yn de prizen: Jelke de twadde priis en Sven de earste priis yn de herkansingsronde. Ek yn Folsgeare: in twadde priis by de welpen foar Elin Stoffelsma   snein 4 juny: KNKB 50+  Sipke, Jan …

Ferslach KNKB manlju 2e klasse f.f. 04-06-2023

In slagge en flotte dei mei mooglik makke troch de keatsers, karmasters, frijwilligers en fanatieke blokjerinners!     Priiswinners: 1e priis Bauke Triemstra, René de Haan en Willem Heeringa   2e priis Jari Visser (ynfaller fan Rutmer v/d Meer), Verry v/d Meer en Lennard Feenstra (ynfaller fan Yannick Hielkema)   3e priis Gerrit Dijkstra, Jelmer …

Skoalkeatsen, finale yn Frentsjer

Nei it sukses fan foariche wike (yn twadde priis by de regio wedstriid yn Folgeare) wie it no de finale yn Frentsjer. Fenne, Marrit en Femke mochten sels op IT Sjukelân keatse! Yn de B-klasse by de famkes mei coach Bas van der Weij. En wer mei sukes!! De 1e omloop waard wûn fan Tsjummearum …

Keatskes wike 21

freed 26 maaie Jelke Sijbesma de krâns by de federaasje yn Goënga. Meike en Benthe de 4de priis by de KNKB-kabouters! Hun earste KNKB wedstriid! Marrit van der Weij de twadde priis by de federaasje yn Goënga.   snein 29 maaie Roelie en Corrie Kroondijk de twadde priis by de haadklasse t.i.l.   Lokwinske allehjer!!

Skoalkeatsen

Woansdei 24 maaie ha Femke, Fenne en Marrit mei dien mei it skoalkeatsen yn Folgeare. De regiowedstriid. Hjir binne se twadde wurden! In knappe, moaie prestaasje! Nije wike de finales yn Frentsjer! Sukses alfêst!!